20 jier HEA! Alle tongersdeis Hea-rinneringen

Tweintich jier lyn waard de earste HEA! útstjoerd op Omrop Fryslân telefyzje. De kommende moannen steane we dêr wiidweidich by stil.
HEA! bestiet 20 jier yn 2022 © Omrop Fryslan
HEA! waard betocht troch de redaksje as programma foar de simmermoannen fan 2002. De útgongspunten wienen fuortendaliks dúdlik: persoanlike ferhalen moatte sintraal stean en it byld moat it ferhaal fertelle. Dus gjin voice-overs.
En sa waard HEA! berne: in simmersk programma mei nuveraardige reportaazjes oer markante minsken, opfallende hobbys of bysûndere bisten. De namme HEA! ferwiist nei de útrop 'hea!' fan ferwûndering, mar ek nei simmersk drûge gers, krûderyk, mei in ferskaat oan smaken.
De earste jierren wie it programma allinnich te sjen yn de simmermoannen, mar dat waard al gau folge troch ek in rige HEA!-útstjoerings yn de krysttiid.

Nijsgjirrigens

Yn 2006 wie HEA! al sa populêr dat it in fêst ûnderdiel waard fan de Omrop-programmearring. De geit waard it symboal fan it programma. Net betocht troch de Omrop, mar troch in Amsterdamsk reklameburo. Want in geit is nijsgjirrich, ûndogens en fleurich. Krekt lykas HEA! dus.
Yn it ramt fan it 20-jierrich jubileum wurdt de kommende moannen alle tongersdeis in dûk yn it rike HEA!-argyf makke, sjogge we âlde bekenden werom en hearre we hoe't it no mei harren is. Dus tenei alle tongersdeis HEA!-rinneringen fan de ôfrûne 20 jier.
Wie it yn it begjin de nijsgjirrigens fan redaksje, ferslachjouwers en kameraminsken dy't de ûnderwerpen bepaalde, al gau wisten Friezen de redaksje te finen mei tips oer bysûndere minsken, bisten, hobbys, plakjes en foarfallen. Der kamen rigen mei ûnder oare nammen fan huzen, 'wat leit op it nachtkastje'? en 'fan wa binne jo ien?'

Goeie!

In fêste en populêre rubryk waard al gau 'Goeie!', faak folge troch de fraach: "Wat binne jo oan it dwaan?" Ferslachjouwers en kameraminsken reizgje op 'e dolle roes de provinsje yn en meitsje in praatsje mei allerhande minsken dy't se ûnderweis tsjinkomme. Dat leveret lytse portretsjes op fan gewoane minsken, mar ek faak mei in bysûnder ferhaal.

Boer Frâns, de paus fan Ljouwert en kafeebaas Jolke

Yntusken is HEA! in net mear fuort te tinken programma yn Fryslân, dat hast eltse Fries wol ken of wolris sjocht. Guon minsken dy't troch HEA! portrettearre binne, binne hast BF'ers (Bekende Friezen) wurden.
Tink oan de eigensinnige boer Frâns fan De Westereen, de kleurrike Paus fan Ljouwert of de markante, yntusken ferstoarne kafeebaas Jolke Nijenhuis fan Terwispel. Syn útspraak 'Lekker, lekker, lekker!' is al in fêste siswize wurden by it opdrinken fan in fleske bier.

Priis mei 'de lêste fytser'

Yn 2012 wienen ferslachjouwer Janko Krist en kameraman Gerko Jonker op syk nei de lêste fytser dy't noch ûnderweis wie yn de Fytsalvestêdetocht. Dizze reportaazje late yn 2013 ta in hichtepunt yn de HEA!-skiednis.
'De lêste fytser' krige net allinnich de heechste ûnderskieding foar in reportaazje by in regionale omrop, mar ek de takenning fan in Europeeske priis foar regionale telefyzje.
De priiswinnende reportaazje út 2012:
En noch altyd is HEA! in populêr en heech wurdearre Omrop-programma. Geregeld komt de fraach op oft der noch wol genôch bysûndere minsken of ferhalen te finen binne om it programma noch te meitsjen.
Dat bliuwt fansels it geheim fan de redaksje, mar de krêft fan HEA! binne de gewoane minsken, dy't by elkenien om de hoeke wenje. Uteinlik hat elk minske in ferhaal en dus kin HEA! ek noch jierren foarút!