Skjinmakbedriuw Ljouwert wachtet cao-datum net ôf en ferheget jeugdleanen no al

De leanen foar jonge skjinmakkers gean mei yngong fan 1 april omheech om de sektor oantrekliker te meitsjen. Skjinmakbedriuw Nivo yn Ljouwert hat de salarissen no al ferhege. Sa krije 17-jierrigen no 9,15 euro yn de oere yn stee fan 5,15 euro.
© ANP
De sektor sit te springen om personiel. "Eins it it alle dagen in útdaging", seit Peter Oosterloo. De direkteur fasilitêr fan Nivo yn Ljouwert is bliid dat de cao-leanen omheech gean en it wer oantrekliker wurdt om skjinmakker te wurden.
Offisjeel giet de ferheging pas yn yn april. Syn bedriuw hat de leansferheging al op 6 desimber ynfierd en dat hat in reden. Se wolle dêrmei ek jongeren binnenhelje dy't mei de coronasluting net mear yn de hoareka wurkje kinne. "No is it momint mei de lockdown en de tichte skoallen om oantrekliker te wêzen as wurkjouwer. Se hoege by ús net te knokken om in pear prosint", seit Oosterloo.
De ekstra kosten wurde net trochberekkene oan de opdrachtjouwers. Oosterloo: "Der is altyd in jierlikse ynflaasjekorreksje. En boppedat, dit is in ynvestearring fan ús organsisaasje. "