Swimlessen foar skoalbern meie wer: "Wichtich yn wetterrike omjouwing"

Swimbaden meie sûnt dizze wike wer swimles jaan oan skoalbern. Dêr binne se bygelyks yn Warkum by swimbad en sporthal De Rolpeal bliid mei.
De ôfrûne tiid wie it der mar stil:
It swimbad wie allinnich iepen foar de jongste bern dy't foar in diploma A, B of C swommen.
En ek al hoegden guon swimbaden fan de rjochter net te kontrolearjen; yn Warkum hâlde se se oan de foarskriften sa't de gemeente it ek wol. Se kontrolearje de âlders dy't yn it sportsintrum komme op de QR-koade.
Swimles yn swimbad De Rolpeal yn Warkum © Omrop Fryslân, Ronnie Porte
Dat joech wolris diskusje en guon âlders hâlde de bern dêrom earst thús. "Mar der wienen ek guon dy't it oplosten troch de bern bringe te litten troch minsken dy't wol in koade ha", fertelt behearder Theunis Wouda.
Dan is it belangryk dat se harren feardichheden kenne.
Theunis Wouda oer de simmerperioade dat bern nei it strân ta geane
Dat de swimlessen jûn wurde is belangryk, leit Wouda út. "It is wol fan grut belang yn in wetterrike omjouwing dat de bern swimdiploma's helje kinne. We gean aanst wer rjochting de simmer, wannear't bern bûten boartsje en nei it strân ta gean. Dan is it belangryk dat se harren feardichheden kenne."

Falske start

Wouda is noch mar krekt begûn as behearder yn it swimbad. "It is wat in falske start. Yn it sporthert fan Warkum en dan sa rêstich noch allegear. Mar dat ha ik net yn 'e hân."