Liveblog | 13 jannewaris 2022

Coronanijs 13 jannewaris: 'Ferrommingen foar winkels, ûnderwiis en sport'

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Boarnen út Den Haag melde ferrommingen foar winkels, ûnderwiis en sport, mar net foar de hoareka en kultuer;
  • GGD Fryslân iepenet in nije testlokaasje yn Sondel;
  • Yn Fryslân binne tongersdei 715 nije coronabesmettingen en ien stjergefal registrearre;
  • Sikehuzen gean stadichoan wer oer op gewoane soarch.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 13 jannewaris 2022, 21:46
21:44

Oant safier

We slute dit liveblog ôf. Moarn binne we der wer!
21:11

Demonstraasje op It Hearrenfean

In lytse trijehûndert minsken hawwe tongersdeitejûn op It Hearrenfean demonstrearre tsjin de coronamaatregels en it coronatagongsbewiis. De demonstranten rûnen mei fakkels in tocht fan ûngefear in oere, ûnder mear lâns it sikehûs Tjongerschans. Dêrby waarden ferskate slogans roppen troch de oanwêzigen.
© Frank Vink
17:45

Koninklijke Horeca Nederland tinkt dat hoarekaûndernimmers rebellearje sille

De ferrommingen fan de coronamaatregels moatte earliker ferdield wurde, fynt Robèr Willemsen fan Koninklijke Horeca Nederland. De foarsitter tinkt dat in protte hoarekaûndernimmers 'rebellearje' sille en dat se har saak dochs iepen dwaan sille, ek al komme ferrommingen foar de hoareka der nei alle gedachten foarearst net.

"De ruimte die er is voor versoepelingen moet gelijk worden verdeeld. Winkels kunnen op afspraak klanten ontvangen. Bij ons bestaat dat ook en heet het reserveren, wat één op één veilig in te voeren is", seit de KHN-foarsitter. "Ik vrees dat er veel kikkers zullen zijn die we niet in de kuip kunnen houden."
17:08

Fryske museums: 40 persint minder besikers, drokte yn simmermoannen

© Omrop Fryslân, Oane Hoekstra
De Fryske museums krigen yn 2021 sa'n 40 persint minder besikers as yn 2019. Yn it earste healjier moasten de doarren tichtbliuwe fanwegen de pandemy. Yn juny koene de museums wer iepen, mar it rûn net drekst stoarm.
Lang om let wisten de besikers de museums wer te finen. Yn it neijjier kaam it regear lykwols mei nije, strangere maatregels, lykas de qr-koade, en op 19 desimber moasten de doarren fan de Nederlânske museums opnij hielendal ticht.
16:45

De winkels meie fan sneon ôf wer iepen

Foar de winkeleigeners is it tige wichtich dat de winkels aansten wer iepen meie:
16:37

Museumvereniging: "No kinne museums ek iepen"

No't it kabinet de maatregels ferromje sil, wol de museumsektor ek graach iepen. "Als commerciële doorstroomlocaties zoals de Bijenkorf heropenen, gaan we ervan uit dat musea als culturele doorstroomlocaties ook de deuren kunnen openen", seit de Museumvereniging.
"Iedereen hunkert naar ontsnapping aan deze pandemie: musea, medewerkers en vrijwilligers zijn er klaar voor." De feriening seit dat it feilich is om nei it museum te gean en dat it coronaprotokol, dat earder brûkt waard, "heeft bewezen uitstekend te werken".
Foar de winkels dy't no nei alle gedachten wer iepen meie, jilde lykwols ferskate betingsten. Sa komt der nei alle gedachten in maksimum tal klanten de kante meter. Neffens boarnen út Den Haag bliuwe de hoareka- en kultuersektor foarearst ek ticht.