Ynrinhuzen kankersintrum sykje frijwilligers om jildpotsjes oan te boarjen

Jild en frijwilligers, dat ha se nedich by De Skulp. It sintrum foar minsken mei kanker of dy't kanker hân hawwe is útwreide, mar corona makket it dreech om genôch jild te finen.
© De Skulp
Yn Nederlân binne der goed 800.000 minsken dy't op it stuit libje mei kanker of kanker hân ha. In soad fan harren ha te kampen mei de gefolgen fan har sykte en behannelingen dêrfan. Dêrfoar kinne se ûnder oare teplak yn de sintrums fan De Skulp yn Drachten en op It Hearrenfean. Ferline jier binne Snits en Ljouwert derby kaam.
Mar finansjeel ha dy sintrums it dreech. "Mei fjouwer sintrums sitte je mei in serieuze begrutting", fertelt ponghâlder Jos Danes. "Mar dan moatte je ek serieus jild byelkoar krije. Dat is in hiele útdaging."

Jildpotsjes binne der wol

Gewoanwei hellen se benammen jild op by eveneminten, mar dy geane al hast twa jier net troch. Dêrom hopet De Skulp frijwilligers te finen dy't fûnsen sykje wolle. "Minsken dy't fûnsen oanboarje. De potsjes mei jild binne der wol, mar je moatte der in soad tiid ynstekke om alles los te krijen. Dus dêr ha we ferlet fan: minsken dy't dat dwaan kinne en wolle."
Wy dogge eins alles wat net medysk is. De kwaliteit fan libben stelle we sintraal.
Jos Danes (De Skulp)
By De Skulp biede se psychososjale soarch. Danes: "De reguliere soarch giet om it behanneljen, it better meitsjen of ferlichten fan de sykte. Wy dogge eins alles wat net medysk is. De kwaliteit fan libben stelle we sintraal."
Wa't der ferlet fan hat, kin sa ynrinne op ien fan de lokaasjes. "Prate mei ús gastmanlju en -froulju, mei lotgenoaten, allerhanne aktiviteiten. It hiele jier troch."

Trochferwizing

Danes fernimt dat der ferlet fan is. "Dêr ha ek ûndersiken nei west. Net elkenien mei kanker wol hjirhinne, mar der is in hiele groep dy't dat wol wol. En noch net iens elkenien ken ús. We hoopje dat sikehûzen en soarchoanbieders nei ús trochferwize."