Lyts, mar mooglik djoer ferlies Aris yn Zwolle

13 jan 2022 - 06:43

Basketbalklup Aris hat ferlern fan direkte konkurrint Landstede. Yn Zwolle waard it 82-75.

José Dimitri Maconda besiket tusken twa spilers fan Landstede troch te kommen - Foto: Orange Pictures

Aris is dwaande oan in sterk seizoen en begûn 2022 ôfrûne wykein ek mei winst op Den Helder. De Ljouwerters stride om in plakje by de earste fiif yn de Nederlânke tak fan de BNXT League. De top-fiif pleatst him nammentlik foar de Elite Gold, it heechste nivo fan de basketbalkompetysje fan Nederlân en België.

Lang spannend

De ferskillen binne lyts en dus hie de ploech fan Vincent van Sliedregt himsels in goede tsjinst bewize kind yn Zwolle. It begjin wie goed, want Aris naam in foarsprong fan sân punten. Oan de ein fan it earste kwart stie Landstede alwer op likense hichte: 21-21. By it skoft wie it noch hieltyd spannend, mar wie der in lytse foarsprong foar de thúsploech.

Oant yn it fjirde kwart ûntrûnen de ploegen elkoar hast neat. Aris kaam noch even op foarsprong (66-67), mar seach Landstede yn de lêste trije minuten dochs de wedstriid nei him ta lûken.

Pruitt topskoarer by debút

By Aris makke Nigel Pruitt syn debút. Hy is de opfolger fan topskoarer Ar'mond Davis, dy't fanwegen privee-omstannichheden weromgien is nei syn thúslân Amearika.

Nigel Pruitt waard yn syn debút topskoarer by Aris - Foto: Orange Pictures

Pruitt skoarde yn Zwolle 21 punten. George Brock (16), José Dimitri Maconda (14) en Ryan Logan (10) hellen ek de dûbelde sifers. Shaq Doorson hie 9 punten en 11 rebounds.

Spanning om pleatsing Elite Gold

Aris spilet noch fjouwer wedstriden, oant de kompetysje opdield wurdt: de top-fiif giet mei de bêste fiif ploegen fan België nei de groep Elite Gold. De oare sân geane mei fiif oare Belgyske ploegen nei de Elite Silver.

Stân BNXT League Nederlân

Spile Winst Ferlies
1. Den Bosch 15 14 1
2. Leiden 15 13 2
3. Zwolle 15 10 5
4. Aris 16 8 8
5. Donar 14 9 5
6. Apollo 17 6 11
7. Feyenoord 15 8 7
8. BA Limburg 16 5 11
9. Den Helder 16 5 11
10. Yoast 14 6 8
11. Den Haag 17 1 16
Trefwurden: 
Zwolle Aris basketbal Landstede
(Advertinsje)
(Advertinsje)