Fuotbaltrainer Pieter Huistra ferlit Oezbekistan mei kampioenstitel yn 'e bûse

12 jan 2022 - 21:27

Ald-fuotballer en trainer Pieter Huistra komt werom nei Nederlân, mei yn 'e bûse de lânstitel fan Oezbekistan. Syn kontrakt as haadtrainer fan Pakhtakor Tasjkent wurdt net ferlinge, skriuwt de klup op de eigen webside.

Pieter Huistra yn 2010 - Foto: Orange Pictures

Hast fiif jier lyn kaam de Fryske achtfâldich international yn Oezbekistan telâne. Hy wie sûnt 2017 yn tsjinst fan Pakhtakor, earst as assistint en sûnt begjin 2021 as haadtrainer.

Huistra wie mei Pekhtator behoarlik suksesfol. Hy wûn trije kear de lânstitel, twa kear de beker, twa kear de supercup en de League Cup. "Ik fyn it fral moai dat it slagge is myn filosofy oer te bringen op de spilers en dat hat laat ta suksessen", fertelt de Fries.

Grutsk

Pekhtator berikte ûnder Huistra ek de lêste acht fan de Asian Champions League. "Dêr bin ik grutsk op."

Huistra is berne yn Goaiïngea. Hy hat sawol as spiler en as trainer in ynternasjonale karriêre. Yn ús lân spile er ûnder oare by FC Groningen en FC Twente. Bûtenlânske aventoeren brochten him by Glasgow Rangers, Sanfrecce Hiroshima en Lierse SK.

Pieter Huistra yn 2020 by Pakhtakor - Foto: ANP

Sûnt 2015 is er út Nederlân wei. Dochs begûn de ôfrûne tiid de earedivyzje wer te kribeljen. "Nei fjouwer en in heal jier bin ik ta oan wat oars. It soe moai wêze as ik yn Nederlân de kâns krij as haadtrainer oan de slach te gean."

Wêr't Huistra syn karriêre fuortsette sil, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)