Miljoenejacht Galactica nei hindernissen oankaam yn Harns

It lúkse jacht Galactica dat al dagen ûnderweis is mei tal fan hindernissen, is oankaam yn de haven fan Harns. It jacht fan 100 miljoen euro wurdt dêr by skipswerf Icon Yachts klearmakke foar de feart.
Galactica oankaam yn Harns
Om kertier foar fiven kaam it skip einliks oan yn de Harnzer haven. Sneon gie it jacht fuort út Oss, mar it koe oant twa kear ta net ûnder in brêge troch fanwege it hege wetterpeil yn de Maas. Earst gie it mis by de spoarbrêge fan Hedel yn Gelderlân en letter paste it jacht net ûnder de brêge troch by Heusden yn Brabân.
It skip fan 80 meter lang en 14 meter breed moast wachtsje op leger wetter. Tiisdeitejûn koe it úteinlik fierder en kaam it fia de Noardsee en de Waadsee op syn bestimming yn Harns. Wa't de eigener fan it skip is, is net bekend makke.
Martijn van Sambeek, projektlieder fan Heesen jachtbou út Oss, fertelt dat der twa 20.000 kilo swiere mêsten fan it skip ôfbrutsen wurde moasten foar de tocht. Dy binne apart ferfierd mei in ponton.
It superjacht bliuwt sa'n fjouwer wiken yn Harns lizzen en dêrnei kin der pas in proeffeart mei makke wurde. Heesen stjoert ek noch sa'n 50 oant 60 minsken nei Harns om fierder te wurkjen oan it skip.
Martijn van Sambeek, projektlieder fan Heesen jachtbou oer de tocht