RIVM: 695 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 695 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne 95 minder as tiisdei, doe waarden 790 besmettingen meld.
It deistige tal besmettingen fan de lêste trije wiken (komt de grafyk net goed yn byld, klik dan hjir):
Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 864 besmettingen meld yn Fryslân. Tiisdei lei dat trochsneed op 841 besmettingen, in wike lyn op 509.
It tal besmettingen de gemeente (sjochst de kaart net goed, klik dan hjir):
Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne ek gjin Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs.

Lanlik

Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 32.149. It trochsneed tal besmettingen fan de ôfrûne sân dagen is 29.868.
Sjoch foar mear sifers oer it coronafirus op omropfryslan.nl/corona.