Eanjumer krijt 12 moannen selstraf foar mishanneljen plysjeman

In man fan 27 jier út Eanjum is feroardiele ta tolve moannen selstraf fanwegen it mishanneljen fan in plysje yn de nacht fan 30 op 31 desimber. Dêrfan binne fjouwer moannen finzenisstraf ûnder betingst.
Yn de saak tsjin de Eanjumer is it snelrjocht tapast:
De straf yn de snelrjochtsaak is gelyk oan de eask fan de offisier fan justysje. De fertochte soe de plysjeman ferwûne ha troch mei in stik glês te smiten. De plysjeman rekke slim ferwûne oan de holle by de opskuor yn Eanjum.
De 27-jierrige man wie him fan syn skuld bewust yn de rjochtbank. "Het is stom natuurlijk, ik baal als een stekker, ik voel me verrotte schuldig."

Sjarzjes nei bûtenbrân

De plysje en ME kamen op 30 desimber teplak om't in groep fan 150 jongeren de brânwacht hindere by it útmeitsjen fan in bûtenbrân oan de Mounebuorren yn it doarp. De ME en plysje fierden ferskate sjarzjes út om de groep útinoar te krijen.
© Noordernieuws
De oanholden man wegere fuort te gean en smiet op in ôfstân fan ûngefear twa meter in stik glêswurk yn it gesicht fan de agint. De agint waard oerbrocht nei it sikehûs. Dêr die bliken dat hy ferskate breuken yn it gesicht hat.

"Ik stond in mijn eigen tuin"

It slachtoffer, de plysje-agint, wenne de saak by mei in lapke foar syn linkereach, sjocht ferslachjouwer Auke Zeldenrust. Neffens de fertochte rûn it út de hân doe't de plysje kaam. "Ik stond met kameraden, mijn zus en moeder bij mij in de tuin. Toen kwam opeens de politie en die sloeg ons hardhandig naar binnen. Ik snapte er niks van, ik stond in mijn eigen tuin. Er was blinde paniek, er werd geslagen en geschopt. En toen heb ik met een bierfles gezwaaid."
© Noordernieuws
Neffens de plysje is it oars gien. Sy soenen earst frege ha om nei binnen te gean. Doe't de groep dat net die, waard de wapenstôk brûkt. Op dat stuit "maakte de verdachte met kracht een gooiende beweging", seit ien fan de plysjes.

Slachtoffer is in kommandant

It slachtoffer is in kommandant dy't tsien aginten mei hie. "Ik stond vooraan en ik zag een man staan die niet wilde luisteren. Ik kon zien dat hij kwaad was. Ik heb hem met de wapenstok geslagen op de bovenarm. Vervolgens gaf ik hem nog een ferme tik. Daarna zag ik hem een beweging maken met een bierfles. En vervolgens voel ik het in mijn linkeroog. Het gaf een gevoel als ik keihard geslagen en ik wist direct dat het fout was", fertelt it slachtoffer yn de rjochtbank.
Parse-offisier Jeff Biesma oer de straf dy't de Eanjumer oplein krigen hat

Smertejild

It slachtoffer frege de rjochter om 25.000 euro smertejild. "Ik was doodsbang dat ik mijn oog kwijt was. Ik lig meerdere keren per nacht wakker. De impact op mijn gezin is groot. Mijn zoon wilde graag bij de politie, maar nu zegt hij: nu weet ik waarom ik later geen agent wil worden. Ik heb zorgen over mijn linkeroog. Of ik ooit weer goed kan zien. Die onzekerheid is slopend. Ik vraag me af of ik de grote sterke man voor mijn gezin kan zijn. Net als vroeger. Mijn hele leven staat stil."
De jongeren wolle yn petear en biede ek harren ekskuzen oan:
Der wiene dy jûn al sinjalen bekend by de plysje dat der mooglik ûngeregeldheden komme soene. "We waren goed voorbereid", sei teamsjef Marjan Abma-de Ruiter fan plysje Noardeast-Fryslân, dêr doe oer.

Needferoardering

Nei oanlieding fan wat der bard is, stelde boargemaster Johannes Kramer fan Noardeast-Fryslân yn Eanjum foar fjouwer dagen in needferoardering yn. In jier earder wie it yn Eanjum ek al út de hân rûn yn de perioade om âldjier hinne. Doe waard de plysje mei stiennen, flessen en fjoerwurk bekûgele.

Ekskuzen

Ferline wike makke de jeugd fan Eanjum ekskuzen foar de ferwûnings dy't de plysjeman tabrocht binne. Yn in ferklearring skriuwe se lykwols dat it optreden fan de ME de oarsaak wie fan de eskalaasje.