UPDATE: Treinferkear komt wer op gong yn Fryslân en Grinslân

It treinferkear yn Fryslân en Grinslân komt stadichoan wer op gong, nei't der earder op de dei in grutte steuring wie by ProRail.
De steuring hie grutte gefolgen foar de treinreizgers:
Al it treinferkear boppe Assen en Hearrenfean hat ûngefear in oere platlein. Krekt foar 12:30 foel der yn de ferkearsliedingspost yn Grinslân in betsjinningssysteem út. Neffens in wurdfierder fan de NS koene der hjirtroch gjin seinen en wiksels betsjinne wurde.
Fanwege de feilichheid waard it beslút naam om it treinferkear sil te lizzen. De post yn Grinslân betsjinnet alle linen boppe Hearrenfean en Assen, sa seit ProRail. "Als die uitvalt, kunnen treinen niet verder rijden en worden ze stilgelegd."
© Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Op it momint dat de problemen begûnen, wiene der ek treinen ûnderweis. Alle treinen koene al gau op stasjons binnenhelle wurde. Neffens in wurdfierder fan Arriva hawwe der gjin reizgers lang fêstsitten.
De wurdfierder fan NS leit út dat yn dit soartefan sitewaasjes de fêste proseduere is om treinen stadichoan in stasjon tichtby binnenride te litten, sadat se dêr stilhâlde kinne.