Ambulânsepersoniel Snits mei mes bedrige

12 jan 2022 - 10:17

Ambulânsepersoniel fan UMCG Ambulancezorg is yn de nacht fan tiisdei op woansdei yn Snits oanfallen mei in mes doe't se in man helpe woene.

It Antonius Sikehûs yn Snits - Foto: Omrop Fryslân, Jitze de Vries

De man hie krekt foar twaen nachts om help frege fanwege medyske klachten. Ut it neat pakte er ynienen in mes, en gie er efter it ambulânsepersoniel oan. De helpferlieners koene krekt op 'e tiid wer werom yn harren ambulânse klimme, en rieden dêrnei hurd fuort om slimmer foar te kommen.

De plysje hat de man oanhâlden foar bedriging. Hy fersette him by syn oanhâlding, oant er yn de sel siet. De plysje ûndersiket de saak.

Neffens wurdfierder Japke Grit binne beide ambulânsemeiwurkers bot skrokken fan wat der bard is. Sy krije help oanbean fan it bedriuwsopfangteam. Sy binne beide hjoed net oan oan it wurk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)