Liveblog | 12 jannewaris 2022

Coronanijs 12 jannewaris: Gemeenten meitsje coronastatement

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Minsken kinne fan hjoed ôf yn alle Fryske faksinaasjelokaasjes terjochte foar in booster sûnder ôfspraak;
  • Yn Fryslân binne woansdei 695 nije coronabesmettingen registrearre;
  • Testen voor Toegang sil de GGD helpe by it ôfnimmen fan coronatesten;
  • Mei in petysje mei hast 350.000 digitale hantekeningen freget de sportsektor om binnensportlokaasjes te iepenjen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 12 jannewaris 2022, 23:18
woansdei 12 jannewaris 2022
23:10

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Moarn binne we der wer!
21:44

Gemeenten meitsje coronastatement

De noardlike gemeenten roppe it regear yn Den Haag op om de effekten fan de coronamaatregels mear te sprieden. Dêrneist freegje se om te besjen op watfoar manier de mienskip op koarte termyn wol wer feilich iepen kin.
De oprop fan de gemeenten stiet yn in statement, dat begjint mei de konstatearring dat it begryp foar de hjoeddeiske lockdown ôfnimt. Dêrnei freegje de gemeenten it regear te sjen hoe't de effekten fan de maatregels better ferdield wurde kinne. Op sosjale media litte ferskate Fryske gemeenten witte efter it statement te stean.
20:01

Gjin bus mar wykauto yn Westeinde Ljouwert

Net in linebus, mar in wykauto bringt sûnt tiisdei de bewenners fan de Ljouwerter wyk Westeinde rûn. De line waard út de tsjinstregeling helle. Mar troch frijwilligers bliuwt der dochs iepenbier ferfier. It stedsferfier is troch de coronakrisis rêstich. Dêr waard ûnder oare bus 1 yn Westeinde it slachtoffer fan. Dêrom besleat it wykbelang om in wykauto yn it libben te roppen.
Troch de coronakrisis binne der folle minder buspassazjiers:
"Onze stadsbus kreeg te weinig passagiers", fertelt Lieuwe Tamminga fan it Wykbelang. "We hebben één keer een oproep gedaan en ineens hadden we twintig chauffeurs." De earste reaksjes op de wykauto binne posityf. "Wat we horen is dat er meerdere mensen zijn die er graag gebruik van maken", seit Tamminga. Wykbewenners kinne de hiele stêd troch mei de wykauto. In rit reservearje kin telefoanysk.
19:45

Mûlkapkesmakker yn de problemen

It sit kleanmakker Ali Sepet fan It Hearrenfean net mei: twa brannen, in lockdown en no allegear mûlkapkes dy't troch it OMT ôfret wurde. Nei in brân yn 2017, waard syn bedriuw yn de winter fan 2020 opnij troffen troch brân. Hy krige in soad stipe en koe wer iepen, mar de lêste tiid hat er kwealik klanten fanwege de lockdown.
No hat er him talein op de produksje fan mûlkapkes. Mar it OMT advisearre dizze wike om dalik allinnich noch mar medyske mûlkapkes te brûken: dy wurkje folle better as stoffen mûlkapkes. It betsjut dat Sepet mei in strop fan mear as 30.000 euro sit.
17:42

Boot Holland giet net troch

De boatebeurs Boot Holland giet dit jier wer net troch yn ferbân mei de coronakrisis. De beurs soe yn maart holden wurde yn it WTC Expo yn Ljouwert, mar de organisaasje seit dat se de kwaliteit fan Boot Holland net garandearje kinne. De beurs is no ferpleatst nei de wike fan 8 maart 2023.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
16:55

Lareb sjocht mear bywurkingen

Bywurkingsintrum Lareb krijt eltse dei sa'n 1000 meldingen fan minsken dy't in reaksje krije nei de boosterprik. Dat binne der mear as by de faksinaasjekampanje fan ôfrûne jier.
It meast falt it tal minsken mei opswollen lymfeklieren op. Lareb docht hjir ûndersyk nei.