34 nije filla's foar wetterpark by Burgumer Mar

In flinke útwreiding foar wetterpark Zwartkruis by Noardburgum: de kommende moannen wurde op it park, flakby de Burgumer Mar, 34 nije fakânsjefilla's boud.
In risikofolle kar yn roerige tiden, jout bedriuwslieder Bastiaan Faber ta:
"It plan lei klear, mar doe kaam de corona deryn en doe ha we wol in hiel skoft twivele", fertelt Faber. "Doe kamen de bouprizen der nochris by. It bouwen wurdt aardich djoerder. Mar dochs krigen we ek sinjalen dat der yn eigen lân bot fraach is nei 'onroerend goed' yn toerisme."

Tusken de 450.000 en 650.000 euro

It giet om lúkse fakânsjefilla's, mei in eigen oanlissteger en tagong ta iepen wetter en opsje ta jacuzzi en sauna. Se kostje tusken de 450.000 en 650.000 euro. "De grutste wennings krije fiif sliepkeamers, trije badkeamers en fiif húskes."
De útwreiding past by de ambysje fan de fjouwer gemeenten yn it noardeasten fan Fryslân om it tal jierlikse oernachtings yn de regio fan 600.000 no nei 900.000 yn 2030 te bringen. Wethâlder Gelbrig Hoekstra mocht ien fan de earste peallen de grûn yn te slaan.

'Geskikt foar toeristen'

Neffens Hoekstra is de omjouwing tige oantreklik foar toeristen. "We ha oan de iene kant it wetter, wêrmei't je sa op de grutte bekende wetters komme kinne. En we ha stêd yn de omjouwing: Ljouwert, Grins. En prachtige rinpaden yn de Wâlden."
De omjouwing fan de Burgumer Mar is hiel geskikt foar it 'hegere segmint', seit de wethâlder. "Ik kin my hiel goed foarstelle dat dit minsken lûkt dy't in lúkse fakânsje ha wolle. It is ek belangryk dat je as gebiet akkommodaasjes ha dêr't elkenien terjochte kin. De ien kiest foar oernachtsje yn in tinte en de oar kiest foar in lúkse appartemint."
De filla's fan it wetterpark © Adema Architecten
De earste filla's binne yntusken ferkocht en Faber hopet tsjin de simmer noch tsien oant fyftjin ferkocht te hawwen. It duorret noch wol efkes foardat de filla's der echt steane, mar Faber makket him der gjin soargen oer oft de rest fan de filla's ek in nije eigener fynt. "Twa wiken foar de krystdagen binne wy de ferkeap yn gien en mei wat der no oan animo is, sit ik der net oer yn oft de huzen ferkocht wurde."
Der binne yntusken bouplannen yn de maak foar de rest fan it Zwartkruisterrein. Wannear't dy realisearre wurde, is noch net bekend.