Wenningoerfal yn Ljouwert, plysje is op syk nei dieder

11 jan 2022 - 22:58

De plysje is yn de buert fan de Skrâns oan it sykjen nei in man dy't fertocht wurdt fan in wenningoerfal oan de Waling Dijkstrastrjitte.

Foto: ANP

Dy oerfal wie om likernôch 20.30 oere tiisdeitejûn. De bewenner is dêrby net ferwûne rekke. It is net dúdlik oft de fertochte ek wat meinaam hat.

Neffens de plysje is de oerfaller útnaaid yn de rjochting fan de Skrâns. Folle mear ynformaasje hat de plysje noch net. Op it stuit praat de plysje mei tsjûgen, om in better byld te krijen. Se hoopje dat oare tsjûgen en minsken mei kamerabylden har melde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)