Felix van Beek hat syn nocht en stapt op as wethâlder fan Smellingerlân

Felix van Beek tsjinnet syn ûntslach yn as wethâlder fan finânsjes fan de gemeente Smellingerlân. Oanlieding is rebûlje oer de 'wurkwize resultaatbestimming' en de mearjierrebegrutting fan de gemeente.
"Ik ben gekke henkie niet":
Van Beek woe foar 31 desimber in beslút oer de begrutting nimme, mar de ried tilde it oer it krystreses hinne.
De striid oer de finânsjes fan Smellingerlân spilet al langer. Yn 2020 drige de provinsje de mearjierrebegrutting fan Smellingerlân sels ôf te karren. Doe waard der op it alderlêst dochs in oplossing foar fûn.
© Omrop Fryslân
Dit jier seach de begrutting der better út, mar ein ferline jier keas de gemeenteried derfoar om de beslútfoarming oer de mearjierrebegrutting en it omgean mei oerskotten op ûnderdielen fan de begrutting oer it krystreses hinne te tillen, ta grutte argewaasje fan Van Beek.
De handelwijze van de raad voelt voor mij als een motie van wantrouwen, het is kenmerkend voor de cultuur van deze raad.
Felix van Beek
"De gang van zaken in de raad van 21 december is mij niet in de koude kleren gaan zitten", seit Van Beek dêr sels oer. "Het onaangekondigd van de agenda halen van een zorgvuldig voorbereid en door de raad gewenst voorstel overviel mij. De handelwijze van de raad voelt voor mij als een motie van wantrouwen, het is kenmerkend voor de cultuur van deze raad."
Polityk ferslachjouwer Onno Falkena:
"Felix van Beek waard yn 2020 wethâlder fan Smellingerlân as ûnderdiel fan it sakekabinet dat Smellingerlân krige, neidat it gewoane kolleezje yn in earnstige bestjoerskrisis bedarre en nei it opstappen fan ferskate wethâlders net mear fierder koe.
Van Beek hie yn dat sakekabinet de lestige portefeuille finânsjes. Smellingerlân hie yn dy perioade earnstige jildpine. It koste Van Beek dan ek in soad muoite om in slutende begrutting op te stellen. Van Beek naam dêrby gjin blêd foar de mûle. Hy hat de gemeente wolris fergelike mei 'in lek skip' en dat waard him net troch alle riedsleden yn tank ôfnaam.
Dat komt fansels ek in bytsje troch de konstruksje fan sa'n sakekabinet. It binne wethâlders fan bûten, sûnder de automatyske stipe fan in eigen fraksje en koälysjepartijen. Mar dy relaasje tusken Van Beek en yn alle gefallen in diel fan de ried is al langere tiid ûngemaklik."
Ferline wike fierden de wethâlders Maria Le Roy en Robin Hartogh Heys van de Lier - noch yn it krystreses - kofjepetearen mei alle fraksjefoarsitters om harren by te praten. Dat hat ûnfoldwaande holpen. Van Beek hat syn nocht fan de polityk yn Smellingerlân en stapt twa moanne foar de riedsferkiezings op. "Ik ben gekke Henkie niet. Zonder vertrouwen kan ik niet werken", sei Van Beek tiisdei yn de ried fan Smellingerlân.
Boargemaster Jan Rijpstra en de trije oare wethâlders fan it sakekabinet fine it bysûnder spitich dat Van Beek opstapt. "We hebben de afgelopen anderhalf jaar veel tot stand kunnen brengen en betreuren dat één van ons aftreedt. Het doet zeer, maar we respecteren zijn besluit en begrijpen zijn persoonlijke afweging."

Wethâlder yn sakekolleezje

Van Beek is sûnt de simmer fan 2020 wethâlder yn Smellingerlân. Hy is ien fan de fjouwer nije wethâlders yn in sakekolleezje, nei't de koälysje útelkoar fallen wie. Op advys fan ferkenner en riedsadviseur Ton Baas kaam der in sakekolleezje, omdat der doe yn de gemeenteried ûnfoldwaande draachflak wie foar in gewoan mearderheidskolleezje.
Earder wie de VVD'er Van Beek wethâlder yn Boarnsterhim, Littenseradiel en Skarsterlân. Hy wie ek direkteur fan it âlde wetterskip Boarn en Klif en riedsgriffier yn Ljouwert en Alkmaar.
Karin van der Velde (CDA) begrypt it beslút fan Van Beek net:
Wethâlder Jan Rypstra oer de ried fan Smellingerlân
Ferslachjouwer Onno Falkena hat de nammen fan de 8 opstapte wethâlders