Fries Museum krijt Langman Prijs foar wrâldwiid sukses mei tentoanstellingen

11 jan 2022 - 19:00

It Fries Museum krijt mei it Drents en Groninger Museum de Langman Prijs 2021. Se ha har fokust op wat wól koe, seit de organisaasje achter de priis.

Kris Callens (direkteur Fries Museum), Harry Tupan (Drents Museum) en Andreas Blühm (Groninger Museum) - Foto: Bram Nauta

De trije direkteuren fan de museums ha de priis tiisdei yn ûntfangst naam fan sjueryfoarsitter Jouke de Vries. De Vries is bestjoersfoarsitter by de RUG en wûn de priis foarich jier. Hy sprekt yn syn taljochting oer it belang fan kultuer.

"De passy wêrmei't de meiwurkers fan dizze museums har wurk dien ha, stiet symboal foar de krêft fan de identiteit fan Noard-Nederlân", seit De Vries. Mei it takennen fan de Langman Prijs wol de sjuery de trije winnende, mar ek oare museums oanmoedigje om mear gear te wurkjen.

Belangryk foar it wolwêzen

"Yn de ôfrûne perioade ferrûn it deistige libben faak oars as we wend binne", seit De Vries. "Dat freget in soad omtinken foar elkoar, foar sûnenssoarch, ûnderwiis en ûndernimmerskip. Ek kultuer is in belangrike basis foar it wolwêzen fan de minsken."

Under oare mei de tentoanstelling Icons hie it Fries Museum sukses - Foto: Fries Museum, Ruben van Vliet

De trije museums ha oantoand dat se de ynwenners fan Noard-Nederlân boeie kinne mei tige nijsgjirrige eksposysjes, fynt de sjuery. Dêrmei ha se de Noard-Nederlânske identiteit stipe en ek in soad besikers fan bûten de eigen regio lutsen. En dat hat ek ekonomysk foar in ympuls soarge.

Njonken Jouke de Vries sieten René Paas (kommissaris fan de Kening yn Grinslân), Dina Boonstra (direkteur fan de NOM) en Margriet Bouma (foarsitter fan Stichting Noord-Nederland&) yn de sjuery.

Neamd nei Harrie Langman

It is de fjirde kear dat de Langman Prijs útrikt is. De priis is neamd nei Harrie Langman. Hy wie minister fan Ekonomyske Saken yn de jierren 70 en kaam op foar it belang fan it Noarden. Persoanen en ynstânsjes dy't in ympuls jûn hawwe oan it Noarden komme yn oanmerking foar de priis.

Foar it earst is de priis takend oan trije yndividuele ynstânsjes.

(Advertinsje)
(Advertinsje)