OMT advisearret medyske mûlkapkes, Snitser bedriuw al oan de slach

It Outbreak Management Team wol mear ynsette op it gebrûk fan medyske mûlkapkes fan type 2 of heger. Dat binne mûlkapkes mei in sertifikaat. De katoenen en de selsmakke mûlkapkes binne net mear genôch.
Yn Snits binne se al oerstapt op de produksje fan medyske mûlkapkes:
Medyske mûlkapkes beskermje better tsjin it coronafirus, is de konklúzje fan it OMT nei nij ûndersyk. Der binne ferskate types medyske mûlkapkes: type 1, type 2 en type IIR. It ferskil mei bygelyks katoenen mûlkapkes is dat de medyske fariant test is.

98 prosint útstjit tsjinholden

Op it stuit wurde de selsmakke en de katoenen mûlkapkes noch akseptearre, krekt as de type 1-mûlkapkes. Aanst mooglik net mear. "Een niet-medisch mondmasker beschermt wel tegen overdracht, maar we weten niet precies hoeveel", seit Everhard Hofstra fan de GGD Fryslân.
It OMT advisearret dat minsken op syn minst type 2-mûlkapkes drage yn romten dêr't net genôch romte holden wurde kin, ek bûten. "Die mondkapjes zijn getest, er zitten andere materialen in. Type 2-mondkapjes houden 98 procent van de uitstoot tegen."
In type 2-mûlkapke © ANP
It bedriuw Lampe yn Snits makket medyske mûlkapkes. "Begin 2020 zijn wij erin gestapt om de gezondheidszorg te helpen", seit Quintus Lampe, de eigener fan it bedriuw. "De normen voor mond-neusmaskers zijn best ingewikkeld voor het grote publiek. Aan medische mondmaskers hangt een Europese norm waar ze aan moeten voldoen."
Ien fan de wichtichsten noarmen is wat it kapke wol en net trochlit en hoefolle krekt. "Er zijn verschillende klassen medische mondmaskers. Type 1 is 90 procent effectief en type 2 98 procent. Als de overheid wil dat iedereen type 2 draagt, dan is dat wel lastig in deze markt. Een mondkapje dat eruitziet als een 'lapje' beschermt eigenlijk alleen een ander. Als je het helemaal goed wilt doen, moet je een mondkapje hebben dat helemaal afsluit."
Ik verwacht dat er gebeld gaat worden.
Quintus Lampe tinkt dat de fraach wer oanlûke sil
Begjin 2021 stoarte de produksje yn, seit Lampe. Hy hopet dat de fraach no wer wat weromkomt. "Er lijkt een tekort aan klasse 2-mondkapjes, dus ik verwacht dat er gebeld gaat worden. Er zijn testen gedraaid, er is voldoende voorraad, Empatec kan ondersteunen bij de inpak. We kunnen 20.000 per dag produceren."
Freed 14 jannewaris is der wer in parsekonferinsje. Dan wurdt der mear dúdlik oer it gebrûk fan mûlkapkes.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn petear mei Quintus Lampe