Soan (37) krijt selstraf foar safolste húslik geweld tsjin eigen mem

11 jan 2022 - 15:57

In man fan 37 út Ljouwert is feroardiele ta in selstraf foar de mishanneling fan syn mem. De man hie syn mem sa bot skopt, dat de frou in skuor yn it kût oprûn hie.

Foto: Shutterstock

It wie net foar it earst dat de Ljouwerter foar de rjochter ferskine moast foar húslik geweld. Hy wie der sûnt 2004 al fiif kear foar feroardiele. Alle kearen wienen syn âlders slachtoffer. Ein oktober 2020 hie er syn mem sa bot skopt dat de frou ferwûne rekke oan it kût.

De Ljouwerter hie der 43 dagen foar fêstsitten. Dêrnei waard er ûnder betingst frijlitten, mar hy hold him net oan de betingsten fan gjin drank en gjin drugs. By in urinekontrôle kaam oan it ljocht dat er speed, xtc en kannabis brûkt hie. Nei eigen sizzen hie er in 'weromfal' hân.

Lêste kâns

De man sit no yn in behannelingstrajekt. De rjochter gunde him in allerlêste kâns. Hy krige in selstraf fan 43 dagen, dy't er dus al útsitten hat, plus 77 dagen ûnder betingst mei in proeftiid fan trije jier.

Hy mei noch altyd gjin drank en drugs brûke en hy moat meiwurkje oan urinekontrôles. De behanneling dêr't er al mei begûn wie, moat er trochsette.

(Advertinsje)
(Advertinsje)