Uldrikis sjit Cambuur yn oefenwedstriid mei twa goals lâns RKC Waalwijk

11 jan 2022 - 15:03

SC Cambuur hat tiisdeitemiddei in oefenwedstriid mei 2-1 wûn fan RKC Waalwijk. Op de fjilden fan amateurferiening WWNA yn Apeldoorn makke Roberts Uldrikis beide Ljouwerter doelpunten.

Roberts Uldrikis yn in eardere wedstriid foar SC Cambuur - Foto: Orange Pictures

De earedivyzjonisten spilen twa helten fan 35 minuten. By Cambuur begûnen winteroanwinsten Patrick Joosten en Sekou Sylla op de bank. Yn de twadde helte makken sy harren offisjeuze debút foar Cambuur.

Alle trije doelpunten foelen yn it earste kertier fan de wedstriid. Michiel Kramer makke de iennige treffer foar RKC.

Kommende snein begjint Cambuur oan de twadde seizoenhelte. Dan is Sparta Rotterdam yn eigen hûs de tsjinstanner.

Opstelling SC Cambuur: Sonny Stevens; Jhondly van der Meer, Roy van Mameren (36' Doke Schmidt), Maxim Gullit, Alex Bangura (55' Sekou Sylla); Michael Breij (55' Jamie Jacobs), Mees Hoedemakers, Mitchel Paulissen (50' Filip Krastev); Nick Doodeman, Roberts Uldrikis (55' Tom Boere) en Tamás Kiss (36' Patrick Joosten).

Opstelling RKC Waalwijk: Etienne Vaessen (36' Issam El Maach); Shawn Adewoye, Melle Meulensteen, Dario van den Buijs; Ayman Azhil, Vurnon Anita, Hans Mulder (15' Lennerd Daneels), Alexander Büttner (36' Luuk Wouters); Iliass Bel Hassani, Finn Stokkers (50' Richard van der Venne) en Michiel Kramer (36' Roy Kuijpers).

(Advertinsje)
(Advertinsje)