Papierfiskjes yn gemeentehûs Tytsjerksteradiel: gebou in dei ôfsletten

It gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel yn Burgum wurdt kommende sneon folslein ôfsletten. In ûngediertebestrider sil it gebou fan binnen oanpakke, om't yn de sintrale hal papierfiskjes oantroffen binne.
Papierfiskjes © Shutterstock.com (eleonimages)
It giet net om grutte oantallen, mar it gebou wurdt wol previntyf oanpakt.
Papierfiskjes binne lytse ynsekten. Se libje tusken boeken en kranten en binne skealik foar argyfmateriaal. In spesjalisearre bedriuw giet dêrom kommende sneon mei in bestridingsmiddel oan de slach yn it gemeentehûs.

Papierfiskjespleach

Tsien jier werom, yn 2012, wie der in grutte papierfiskjespleach op it gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel. Om foar te kommen dat de bistjes it argyf berikten, waard doe rigoereus opromming holden.

Yn twa wiken tiid waarden leafst 23 konteners mei papier ôffierd. Sûnt dy tiid wurdt permanint yn de gaten holden oft der yn it gebou papierfiskjes oantroffen wurde.
Yn 2012 makke Omrop Fryslân dizze reportaazje oer de papierfiskjespleach yn Tytsjerksteradiel: