'Boezemvriendinnen' helje bh's op foar froulju mei in lytse beurs

It is net it earste dêr't je oan tinke by froulju mei in smelle beurs: bh's. Dochs is dat ien fan de lêste dingen dêr't je jild oan útjouwe as je in lytse beurs hawwe. Dêrom is Angelique Borghuis is inisjatyf 'Boezemvriendinnen' start.
Bh's foar Boezemvriendinnen: "Een goed passende bh doet veel"
Borghuis wurket yn de earmoedeproblematyk en seach dat de froulju dy't se helpt somtiden hielendal gjin bh hawwe. Se kaam Eline de Koning tsjin en tegearre hawwe se as doel om goede bh's yn te sammeljen en dy op in 'pasparty' te jaan oan froulju dy't se nedich hawwe.

"En dat hoeven niet alleen dames te zijn die onder bewind staan. Als je rond moet komen van een WW-uitkering, kan je ook wel hulp gebruiken", seit Borghuis.

Netwurk

Se fynt it hertferwaarmjend om te sjen hoe't it inisjatyf oppakt wurdt troch froulju út alle lagen. Sa hawwe de froulike gemeenteriedsleden de koppen byinoar stutsen en harren netwurk oanboarre.

Dêrby giet it net om jild, mar om de bh's dy't kocht binne en krekt net lekker sitte, dy't dêrnei ûnder yn it laad telâne komme. Dizze bh's kinne ynlevere wurde yn Ljouwert en Grou. Nije bh's of linzjery-setsjes kinne ek. By de grutste maten binne de measte tekoarten.

'Pasparty' yn Neushoorn

Op 14 maart organisearje de Boezemvriendinnen in 'pasparty' yn Neushoorn. It giet Borghuis dan net allinnich om it passen. "Het doel is gewoon dat die vrouwen op die dag een hapje en een drankje krijgen, even wat verwend worden. We zijn zelfs nog bezig met een goodybag, dat ze echt even een dagje uit zijn. En dan naar huis gaan met één of twee goed passende bh's."
De froulju hoopje noch in persoan te finen dy't wurksum is yn in bh-winkel om advys jaan te kinnen oan de froulju op de 'pasparty'. "Rijk en arm heeft er moeite mee om een goede bh aan te schaffen", seit Borghuis.