Liveblog | 11 jannewaris 2022

Coronanijs 11 jannewaris: Frije ynrin yn alle Fryske faksinaasjelokaasjes

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Minsken kinne fan woansdei ôf yn alle Fryske faksinaasjelokaasjes terjochte foar in booster sûnder ôfspraak;
  • Yn Fryslân binne tiisdei 790 nije coronabesmettingen registrearre;
  • Der is in tekoart oan type II-mûlkapkes by drogisterijen.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 11 jannewaris 2022, 20:37
23:08

Ein fan dit liveblog

We slute dit liveblog ôf. Moarn binne we der wer!
20:33

'Sportlokaasjes moatte iepen'

Fan alle kanten wurdt de druk op it kabinet opfierd om freed mei ferrommingen te kommen. Winkels, hoareka, bioskopen: allegear wolle se iepen. Datselde jildt foar binnensportlokaasjes. In petysje mei as boadskip om sport oan te wizen as essinsjele sektor is hast 350.000 kear tekene en tiisdei oanbean oan de Twadde Keamer.
Direkteur Margreet de Graaf fan de GGD Fryslân hat ek fan de oprop heard. Se fynt it in goeie aksje. "We binne der grut foarstanner fan." Neffens De Graaf krijt de GGD faker de oprop om net allinnich nei ynfeksjesyktebestriding te sjen, mar mear nei de brede publike sûnens.
Sporte is wichtich foar de sûnens, dat is wis. "Mar der binne ek oare diminsjes oan sûnens. Stress bygelyks. Minsken dy't no har winkel sletten ha, ha dêr lêst fan. Ik sil net sizze dat it iene wichtiger is as it oare, mar it is wichtich om sûnens as útgongspunt te hâlden."
19:01

Lampe yn Snits oan de slach mei type 2-mûlkapkes

It OMT advisearret om mûlkapkes fan type 2 of heger te dragen:
17:41

KNVB komt mei regels oer trochgong earedivyzjewedstriden

De KNVB wol dat wedstriden yn de earedivyzje safolle as mooglik trochgean. It fuotbalbûn hat dêrom in rjochtline opsteld oer hoe't fuotbalklups omgean moatte mei in grut oantal coronabesmettingen. Spilers en meiwurkers fan de klups moatte dêrom ûnder mear bûten de wedstriden om oardel meter ôfstân hâlde, dus ek yn de klaaikeamers.
Klups kinne in wedstriid allinnich útstelle as se oer minder as 13 spilers beskikke of as der yn koarte tiid hieltyd mear spilers besmet reitsje.
17:06

Bewenners ferpleechhûs minder siik nei coronabesmetting

Neffens Verenso, de feriening fan spesjalisten âldereingenêskunde, wurde bewenners fan ferpleechhûzen dy't besmet rekke binne mei it coronafirus minder siik as yn it begjin fan de pandemy.
De feriening seit dat it tal besmettingen yn ferpleechhûzen stabyl is. Yn de ôfrûne sân dagen wienen der 84 nije besmettingen.
© Omrop Fryslân
16:37

1 op de 8 foar de twadde kear besmet

Fan alle minsken dy't foarige wike posityf test binne op it coronafirus, wie 1 op de 8 alris earder besmet. Neffens it RIVM komt dit troch de saneamde 'immune escape' fan de omikronfariant. Dit betsjut dat de opboude ôfwar fan minsken net goed wurket tsjin dizze fariant.