Doarpshuzen yn ‘e pine: nei coronakrisis no ek te lijen fan enerzjykrisis

11 jan 2022 - 07:39

De noed oer Fryske doarpshuzen nimt ta no't dy net allinne de coronakrisis, mar ek in enerzjykrisis foar de fuotten krije. "It wurdt mei de dei soarchliker", seit direkteur Theo Andreae fan Doarpswurk.

Theo Andreae fan Doarpswurk - Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

"Wy sitte no hast twa jier yn dizze pandemy dy't mar gjin endemy wurde wol. Dat hat grutte gefolgen foar doarpshuzen," seit Andreae. De buffers binne neffens him wol ferdwûn en yn it lêste healjier komme dêr nochris de hegere enerzjyprizen oerhinne. "Dus it knypt hjir en dêr."

Oerlibbingskânsen

Andreae is der net mear sa wis fan dat alle Fryske doarpshuzen de krisis oerlibje sille. "Myn soargen binne grutte wurden. In jier lyn wie ik der fan oertsjûge dat de Fryske doarpshuzen it wol oerlibje. Mar dêr stek ik myn hân no net mear foar yn it fjoer."

Nije enerzjykontrakten

Doarpswurk wit dat by in tal doarpssintra it wetter al heech oan de lippen ta stiet. Andreae: "Ek trochdat guon op 1 jannewaris in nij enerzjykontrakt krigen hawwe mei in flinke ferswierring fan de enerzjylêsten. Sy sizze tsjin ús: wy kinne de rekken aanst net mear betelje."

Direkteur Theo Andreae fan Doarpswurk

Stichting Doarpswurk is in partner fan de provinsje en stipet doarps- en buerthuzen yn Fryslân.

Doarpswurk bliuwt yn petear mei oerheden oer ekstra stipe, mar sy binne dêryn net de iennige. "De útdaging wurdt hoe't je de kommende tiid oerbrêgje kinne. Wy besykje mei man en macht te foarkommen dat doarpshuzen twongen slute moatte, mar de soargen nimme ta."

Yn Garyp is jild net it grutste probleem, mar wol dat it doarpshûs syn rol no net ferfolje kin. "Der binne in soad minsken iensum of allinnichsteand yn it doarp", fertelt behearder Kees de Vries fan It Geahûs tsjin RTV NOF. "Dy kamen hjir bygelyks foar in waarm miel. Ik hoopje net dat sy no nóch iensumer wurde. Mar ik tink it hast wol."

Jild is mar jild. It sosjale stiet by my eins folle mear foarop.

Behearder Kees de Vries fan It Geahûs

"Jild is mar jild", seit De Vries. "It sosjale stiet by my eins folle mear foarop. Wat is der no moaier as in potsje te biljerten, in kaartsje te lizzen, of muzyk te spyljen? En dêrnei efkes byprate. It is foar in soad minsken it wyklikse of moanlikse 'uitje'. Wy binne mei tsjinsin ticht."

Kees de Vries, behearder fan It Geahûs - Foto: RTV NOF

Al dy ferieningen lizze no stil, lykas de twa biljertklups. Karel Pander sit oer syn leden yn. "As ik ien tref yn it doarp, dan hawwe wy it der altyd even oer: wannear soene wy wer kinne? En as wy wer kinne, soenen we it noch op 'e nij leare moatte?"

Beide klups hawwe goed 20 leden. "De iene klup hjit Us Nocht. No, dat giet der wol in bytsje ôf sa stadichoan. En de oare hjit FIUD, Foarút is ús doel. Mar as je net oefenje, dan wurdt dat ek neat fansels. Dus it is wol hiel sneu fyn ik."

Ferieningen en klups

It is in grut gemis. "Foar in soad minsken is it biljerten it hichtepunt fan 'e wike. It hat in soad gefolgen as soks fuortfalt. Ast net folle mear hast as dit, dan is dit hast it iennige dat noch trochgie. Ik kin my foarstelle dat guon minsken echt yn 'e problemen komme. It is in ellinde."

(Advertinsje)
(Advertinsje)