Apparteminten yn Holwerter tsjerke: sliepe mei útsicht oer it doarp?

In Airbnb-appartemint, permaninte ferhier of in soarchappartemint; ideeën binne der genôch by boubedriuw Kingma út Bûtenpost dat de eardere grifformearde tsjerke yn Holwert kocht hat.
© Makelaardij Roos Noordoost-Friesland
It gebou hat oan de foarkant trije yngongen en as it oan Kingma leit, wurde dy allegear brûkt. De middelste yngong is aanst foar minsken dy't de romte op Airbnb boeke. De bedoeling is dat it oargel efteryn stean bliuwt. Mei de winteltrep kinne hierders nei boppen ta: dêr is de badkeamer en it sliepplak, yn de tweintich meter hege toer.

Ideeën wolkom

Wat der mei de romten oan de sydkant barre moat, dêr is it boubedriuw noch net oer út. De bedoeling is permaninte ferhier, mar mooglik wurde dat ek Airbnb-apparteminten. De romten binne neffens Kingma ek geskikt as soarchappartemint of foar minsken mei in beheining.
It bedriuw ropt minsken op om oare ideeën troch te jaan. It gebou wurdt yn alle gefallen ferduorsume.
De grifformearde tsjerke oan de Elbasterwei is yn 1933 en 1934 boud nei ûntwerp fan de arsjitekten P. en R. Offringa. Yn 2014 waard besletten it Godshûs te sluten, mei in fúzje yn de Protestantske Tsjerke.
De lêste jierren die it gebou al gjin funksje mear as tsjerke. Oant begjin 2021 siet it waadbelibbingssintrum De Noodhoren der noch yn, mar dy binne ferhûze nei AquaZoo yn Ljouwert. Troch it ferlies fan subsydzje en de ferplichte coronasluting koe De Noordhoren de holle net langer boppe wetter hâlde.

Fraachpriis 249.000 euro

Sûnt septimber stie it gebou te keap. Neffens it tsjerkebestjoer rûn it net stoarm mei de fraach, mar wienen der wol ferskate biedingen. It bod fan it bedriuw fan Jaco Kingma kaam as bêste út de bus. De fraachpriis foar it gebou en perseel wie 249.000 euro.