Asbest fûn nei brân yn leechsteand gebou yn Ljouwert

In leechsteand gebou oan de Dokkumertrekweg yn Ljouwert hat moandeitejûn koarte tiid yn 'e brân stien. By it bestriden fûn de brânwacht asbest yn it gebou.
De brânwacht by it gebou oan de Dokkumertrekweg © Kappers Media
It gebou stiet oan de krusing fan de Dokkumertrekweg en de Dammelaan. De brân ûntstie troch noch ûnbekende oarsaak op de twadde ferdjipping. By de brân kaam in soad reek frij.
Nei in lyts healoere hie de brânwacht de situaasje ûnder kontrôle. Der binne gjin minsken ferwûne rekke. It gebou is ôfset, ûnder oare omdat der dus asbest fûn is.