Danny Noppert wurdt heit en slacht earste grutte toernoai fan 2022 oer

10 jan 2022 - 19:03

Darter Danny Noppert lit it earste grutte toernoai fan it nije seizoen, de Masters, oan him foarby gean. Hy bliuwt yn Fryslân fanwegen de berte fan syn earste bern.

Danny Noppert - Foto: ANP

It soe foar de 31-jierrige Jouster de earste kear wêze dat er meidie oan de Masters. As nûmer achttjin fan de wrâld hie er him streekrjocht pleatst. De bêste 24 spilers fan de wrâld dogge mei.

Noppert helle ôfrûne moanne de tredde ronde op it WK. Dat waard foar him foar de tredde kear op rige ek it einstasjon. Flak nei syn útskeakeling waard bekend dat de Fries ek besmet wie mei it coronafirus. Dêr is er yntusken fan opknapt.

Trefwurden: 
Danny Noppert darten Masters
(Advertinsje)
(Advertinsje)