Krityk op oanpak fentilaasje skoallen: "Nederlân bliuwt efter by oare lannen"
In kwart fan de basisskoallen hat de fentilaasje yn de klaslokalen net op oarder. In goede fentilaasje is fan belang, en dat belang is mei de komst fan corona noch folle urginter wurden.
Ald-minister Slob fan Underwiis hat twa jier lyn 360 miljoen euro útlutsen foar it ferbetterjen fan de fentilaasje. It probleem is dat de skoallen sels ek flink meibetelje moatte en dat jild is der faak net. Se krije 30 prosint fan de kosten fergoede.
Neffens Doekle Terpstra, foarsitter fan it lanlik koördinaasjeteam Ventilatie op Scholen, soe Nederlân in foarbyld nimme moatte oan skoallen yn oare lannen om ús hinne. "Yn in lân as Dútslân wurdt 80 prosint fan de kosten fergoede troch it Ryk en yn België sit dat tusken de 60 en 70 prosint. Dat betsjut dat Nederlân gewoan efterbliuwt."
It is gjin nij probleem neffens Terpstra. "We witte al jierren dat de fentilaasje op skoallen, en it gebrek oan goede fentilaasje, de skoalprestaasjes beynfloedet. En we witte dus eins al hiel lang dat we dit by de kop pakke moatte. It gebeurt gewoan net en net yn foldwaande mjitte."
Troch de coronakrisis hat de problematyk in ekstra ympuls krigen en is der alle reden om der mei oan 'e slach te gean, seit Terpstra. Hy wol graach mei de nije minister fan Underwiis yn petear oer in oanpak.
"Hoe kinne we dit no sa dwaan dat it in akseptabele oplossing biedt foar alles en elkenien, sadat we foarkomme kinne dat skoallen úteinlik foar langere termyn wer yn in lockdown telâne komme?" Neffens Terpstra is it dêrom wichtich dat alle belutsen partijen mei-inoar om tafel geane.