Patrick Joosten definityf op hierbasis nei SC Cambuur

11 jan 2022 - 12:08

Patrick Joosten spilet de rest fan it seizoen yn it shirt fan SC Cambuur. De oanfaller wurdt foar in healjier hierd fan FC Groningen, sûnder opsje ta keap.

Foto: Dijks Media

De Ljouwerters wiene op syk nei fersterking foar de oanfal, om't Issa Kallon en David Sambissa de kommende wiken ûntbrekke fanwege dielname oan de Afrika Cup. Boppedat hat Kallon in ôfrinnend kontrakt nei dit seizoen en hâldt Cambuur der rekken mei dat der dizze winter noch ynteresse komt foar de linksbûten.

Mei Joosten is de nije oanfaller fûn. Technysk manager Foeke Booy is bliid mei de komst fan Joosten: "Snelheid, diepte en iemand die er meteen kan staan. Dat is wat we zochten en met Patrick hebben we dat zeker gevonden."

"Geen hoge pet op"

De 25-jierrige Joosten kaam dit seizoen yn tsien fan de achttjin wedstriden fan FC Groningen binnen de linen. Dat wie wol benammen as ynfaller; hy stie mar trije kear yn de basis.

Yn Grinslân binne se net sa wei fan him, sei FC Groningen-watcher Stefan Bleeker fan RTV Noord moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân: "In Groningen hebben ze geen heel hoge pet van hem op. Hij heeft hier vrijwel niets laten zien in de tijd dat hij hier zit."

Sylla

Joosten is de twadde oanwinst fan Cambuur dizze transferperioade. Freed makke de klup al de komst fan Sekou Sylla bekend. Hy komt oer fan TOP Oss. Yn prinsipe hellet Cambuur dizze winter net mear nije spilers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)