Issa Kallon: "Dat ik na dit seizoen ga vertrekken, is wel duidelijk"

10 jan 2022 - 17:09

De kâns dat Issa Kallon nei dit seizoen noch by SC Cambuur bliuwt, is hiel lyts. Dat fertelt Kallon yn de SportCast út Kameroen wei. Dêr docht er mei oan de Afrika Cup.

Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.

De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Kallon is ynternasjonal foar Sierra Leöane en spilet tiisdei mei dat lân syn earste wedstriid tsjin titelferdigener Algerije.

It giet yn de SportCast dus ek oer syn takomst en oft er noch by Cambuur bliuwe wol. "Ik maak het seizoen sowieso af bij Cambuur."

De club waar het nu echt concreet is, is een buitenlandse club.

Issa Kallon

Dochs sil Kallon besykje út te sjen nei in nije klup. Der binne klups yn Nederlân en yn it bûtenlân dy't ynteresse toand ha. "De club waar het nu echt concreet is, is een buitenlandse club", fertelt Kallon.

Transferperikelen by Hearrenfean en Cambuur

Yn dizze SportCast ha we trije gasten. Njonken Kallon binne dat Yadran Blanco en Stefan Bleeker. Blanco wurket foar it Brabânske deiblêd BN/DeStem. We prate mei him oer de mooglike komst fan NAC-spiler Thom Haye nei sportklup Hearrenfean. Bleeker is FC Groningen-folger foar RTV Noord. Mei him beprate we de mooglike komst fan Patrick Joosten nei Cambuur.

Fierder dogge we de Nostradamus-pûl, wêryn't de ferslachjouwers in tal fragen oer it kommende seizoen beäntwurdzje. En we beprate de soap by sportklup Hearrenfean en de ynteresse yn Kees van Wonderen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)