Waarm wolkom op basisskoallen, "mar it is stjerrende kâld yn it lokaal"

Nei in ekstra lange krystfakânsje binne de basisskoallen wer iepen. De skoalbern, juffen en masters moasten wol nije klean keapje.
De bern ha der wol wer nocht oan, sels oan rekkenjen:
De leararen fan de Professor Wassenberghskoalle yn Lekkum fongen fan 'e moarn de bern bûten op it plein op.
"Sûnt de âlden net mear yn skoalle komme meie, ha we ôfpraat om de bern sels wolkom te hjitten", fertelt juf Marjolein de Zee. "Se ha trije wiken thús sitten, dus it is noflik om inoar wer te sjen."
Moarns betiid by de skoalle © Leo Middelsé, Ilona de Vries
Se dogge der alles oan om it firus bûten de doar te hâlden. "We ha CO2-mjitterkes yn 'e klasse en we ha safolle mooglik de ruten iepen", seit De Zee. "Ik ha mar in wollen trui kocht, want it is gewoan stjerrende kâld yn it lokaal."
Les op skoalle: de measte bern seagen dernei út © Leo Middelsé, Ilona de Vries
It bliuwt ek dreech om it roaster rûn te krijen. "Ynfallers binne der net", seit De Zee. "We besykje it ûnderling op te foljen. Mar somtiden moatte je klassen nei hûs ta stjoere, dat jout in soad ûnrêst."

Earst efkes prate

Nettsjinsteande alle tûkelteammen begûnen de lessen moandeitemoarn 'gewoan'. "Earst efkes wat ekstra tiid foar it sosjale. Dan sjogge we nei it skoft wol wer oft we it rekkenjen oppakke."