Boeren ferfolge foar yllegaal ferwurkjen papierslyk yn biofergisters

Sân boerebedriuwen yn Fryslân, Grinslân en Drinte wurde ferfolge foar it har net hâlden oan de Meststoffenwet. De boeren hawwe tonnen oan papierslyk yn harren dongfergisters ferwurke en dat mei net.
© Omrop Fryslân
Troch it papierslyk bleau der in fersmoargjende reststof oer. Dit saneamde digestaat waard letter oer it lân útriden. It ôffalwetter fan de papieryndustry mei dêryn stikjes papier hie bygelyks in te heech kopergehalte. Mei help fan tuskenhannelers kaam it slyk ûnder oare by de fergister yn Hurdegaryp telâne. De boeren krigen der 20 euro de ton foar.

Kontrôle

De oertrêdingen kamen oan it ljocht doe't de miljeutsjinst FUMO by in kontrôle yn augustus 2019 by Hantumhuzen twa partijen slykmateriaal oantrof. Der siet in hantlieding by en in mei de hân skreaun briefke oer de ôfkomst en de einbestimming.
De sân boeren moasten koartlyn foar de plysjerjochter ferskine. Se seine dat se gjin idee hiene dat it om in yllegaal produkt gie. De offisier fan justysje fynt lykwols dat de boeren witte moatte wat de regels binne by it fergisten fan dong. Dat se jild krigen, hie se al warskôgje moatten, seit de offisier.

Gruttere strafsaak

De saak tsjin de boeren is no útsteld, om't it IM de tuskenhannelers ek hearre wol. Der komt no in gruttere strafsaak.