Noch in wike ûnwissens foar Ellia Smeding oer Spelen: "Superspannend"

Dêr't de Nederlânske reedriders witte wa't nei de Olympyske Spelen mei, is dat noch net oeral dúdlik. De Ingelsk-Fryske Ellia Smeding heart oer in wike oft se foar Grut-Brittannië útkomme mei yn Peking.
Ellia Smeding nei it EK ôfstannen oer har kânsen op de Olympyske Spelen:
De ôfrûne moannen hat Ellia Smeding yn de wrâldbekerwedstriden tiden riden dy't nedich binne om de Olympyske Spelen te heljen. Se wit lykwols noch net wêr't se oan ta is.
Dat hat te krijen mei it reedrydbûn fan Grut-Brittannië en mei it ynternasjonale reedrydbûn ISU. "Ik ben nog steeds in afwachting. Ik heb wel aan de limiettijden voldaan op de 1.000 en 1.500 meter", fertelt Smeding.
© Orange Pictures
Hoe kin it dan dat se noch net wit wêr't se oan ta is? "Het is een heel technisch verhaal met de ISU en Groot-Brittannië, dat mij moet selecteren. Als het goed is, weet ik het de zeventiende."
Reedride docht Ellia Smeding net foar Nederlân, mar foar Grut-Brittannië. Se is nammentlik berne yn Ingelân, yn in plakje yn de buert fan Londen. Dêr groeide se op, oant se op har achtste mei har âlden nei Fryslân ferhuze. Se wennet no al fyftjin jier yn Fryslân en hjir begûn se as lyts famke mei reedriden. Smeding komt út foar Team FrySk fan coach Siep Hoekstra.
"Het is superspannend. Je bent alleen maar in afwachting", seit Smeding oer de ûnwissens oft se oer in oantal wiken nei Peking mei. De ôfrûne tiid koe se de spanning ûnderdrukke trochdat se har rjochtsje koe op it Europeesk kampioenskip ôfstannen, dat it ôfrûne wykein plakhie yn Thialf.
Ik ben licht optimistisch, maar wil nergens van uitgaan.
Ellia Smeding oer har kânsen op de Olympyske Spelen
De yngewikkelde regleminten mei lytse letterkes soargje derfoar dat Smeding har noch net wis field. "Normaalgesproken zou ik het wel vertrouwen, maar er kan nog van alles veranderen. Ik ben licht optimistisch, maar wil nergens vanuit gaan. Al train ik wel alsof ik ga, want je wilt daar niet onvoorbereid staan."
De kommende wiken hopet Smeding trochtraine te kinnen yn Thialf, sadat se optimaal taret is foar de Olympyske Spelen. Oft dat kin is lykwols net wis, om't Team FrySk gjin topsportstatus hat. It Ingelske bûn moat dêrom offisjeel tastimming freegje oan de KNSB.

EK ôfstannen

It ôfrûne wykein ried Smeding op it Europeesk kampioenskip ôfstannen twa kear yn de top tsien. Se waard op de 500 meter alfde, op de 1.000 meter achtste en op de 1.500 meter njoggende.
"Het was best een goed EK, ik ben wel tevreden", fertelt Smeding oer dat toernoai. "Ik heb een stap gezet vergeleken met twee jaar geleden, toen ik ook het EK reed. Ik zit nu best wel dicht bij mijn tijden van Calgary en Salt Lake City, die ik vorige maand heb gereden. Daar ben ik echt wel blij mee." Calgary en Salt Lake City binne saneamde heechlânbanen, dêr't altyd hurder riden wurdt as yn bygelyks Thialf.
Foar de Olympyske Spelen belooft dat ek noch wat goeds, as we de 23-jierrige reedrydster leauwe meie. "Ik merk dat ik gedurende het seizoen steeds beter word. Ik kom steeds lekkerder in wedstrijden en krijg steeds meer vertrouwen in wat ik kan."