Fryslân coacht Europeeske regio's yn transysje nei sirkulêre ekonomy

Fryslân sil oare Europeeske regio's coache op it mêd fan sirkulêre ekonomy. Dat seit Provinsje Fryslân dy't meidocht oan it nije Europeeske projekt mei de namme FRONTSH1P.
© ANP
Dat projekt is koartlyn úteinset yn Poalen en is finansiere troch de Green Deal fan de Europeeske Uny. Doel fan it projekt is om de transysje nei in sirkulêre ekonomy te ferhastigjen troch út hiel Europa ferskillende technologyske en sosjale ynnovaasjes oan te dragen.
Yn totaal nimme 34 organisaasjes út 9 Europeeske lannen diel oan it projekt, sa as bedriuwen, universiteiten, net-oerheidsorganisaasjes en regionale oerheden. Provinsje Fryslân en de Vereniging Circulair Friesland (VCF) dogge ek mei. Fryslân is frege om mei te dwaan as koprinner yn de wrâldwide sirkulêre ekonomy.

Wurdearring

Deputearre Friso Douwstra: "FRONTSH1P is in projekt dat in treflike wurdearring fan Europa krigen hat. It is foar my in eare dat Fryslân dêr ek by belutsen rekke is. Wy wikselje ideeën en ûnderfiningen út en wurkje mei-inoar fierder oan in leefbere takomst."
Ek neffens projektmanager Bart Volkers fan VCF is it in moaie erkenning. "Us rol yn dit prestizjeuze projekt lit sjen dat wy Europeesk koprinner binne op it mêd fan sirkulêre ekonomy. Fansels helpe wy dêrom ek oare regio's en sjogge wy hoe't wy ús bedriuwen en kennisynstellings ferbine kinne."

Edukaasje

Der sille ûnder oare ûnderwiis- en trainingsprogramma's ûntwikkele wurde en it is ek de bedoeling dat der in ynternasjonaal kongres komt.