Tarieding op de Winterspelen: teste, traine en sa min mooglik minsken sjen

10 jan 2022 - 09:00

De Olympyske Winterspelen komme hieltyd tichterby. Troch de coronapandemy is de tarieding dêrop wol hiel oars as gewoanwei: teste, traine en sa min mooglik minsken sjen is it devys.

Hoe riede de riders harren ta op de Spelen:

"We soenen eins nei it bûtenlân om te trainen, mar dat dogge we earst net om't corona de kop wer opstekt", seit Jorrit Bergsma. Bûten de trainingen besiket Bergsma sa min mooglik kontakt mei oaren te hawwen en ek Bergsma syn famylje docht dêroan mei: "We hawwe in hiel lyts bubbeltsje yn Aldeboarn."

Lytse sirkel

Femke Kok fynt it allegear wol spannend: "De besmettingen rinne sa fluch op. We wolle net it risiko nimme om besmet te reitsjen. We sjogge sa min mooglik minsken en hâlde de sirkel sa lyts mooglik."

Kok lit har hast eltse dei teste en ek har âlden binne tige foarsichtich: "Sy wolle it ek net op harren gewisse hawwe dat se my besmette."

Fansels moat der wol in protte traind wurde yn oanrin nei de Spelen. Mar ek dat giet oars as oars: "Woansdei op trainingskamp yn It Hearrenfean. Oars hienen we yn Collalbo west, mar no is it in te grut risiko", seit Antoinette de Jong.

Neffens De Jong is it al hast normaal wurden om sa min mooglik minsken te moetsjen. "Ik sjoch allinnich noch myn âlders en myn pake en beppe."

(Advertinsje)
(Advertinsje)