Liveblog | 10 jannewaris 2022

Coronanijs 10 jannewaris: Twa nije testlokaasjes yn Fryslân

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • GGD Fryslân iepenet ynkoarten twa nije testlokaasjes;
  • Yn Fryslân binne moandei 807 nije besmettingen fêststeld;
  • Lanlik giet it om 27.993 nije coronabesmettingen;
  • Der lizze 46 coronapasjinten yn de Fryske sikehûzen;
  • OMT advisearret it dragen fan medyske mûlkapkes op drokke plakken yn de bûtenlucht.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 10 jannewaris 2022, 21:59
moandei 10 jannewaris 2022
22:59

Oant moarn

We slute dit liveblog ôf. Moarn binne we der wer!
21:46

'Weriepening heger ûnderwiis en mbû prioriteit'

De nije ûnderwiisminister, Robbert Dijkgraaf © ANP
De nije minister fan Underwiis Robbert Dijkgraaf (D66) sil de weriepening fan it heger ûnderwiis "nog eens heel stevig inbrengen" de kommende dagen. Nei de earste ministerried fan kabinet-Rutte IV seit er dat dit punt 'heech op it prioriteitelistje' stiet. De minister fynt it wichtich "dat we de gezondheid en toekomst van onze kinderen bovenaan zetten".
Op dit stuit is it heger ûnderwiis noch sletten om de fersprieding fan corona tsjin te gean. Studinten folgje kolleezjes online. Freed beslút it kabinet hoe't it heger ûnderwiis der de kommende tiid útsjen sil. Dijkgraaf sei tsjin de NOS dat er "heel erg gaat pleiten" foar weriepening fan it mbû en it heger ûnderwiis.

Wapenje en tariede

Foar de langere termyn tinkt Dijkgraaf dat it ûnderwiis him wapenje moat tsjin corona en him tariede moat op in takomst mei it firus. "De effecten van het virus blijven bij ons."
Dêrmei doelt er ek op de efterstannen dy't yn it ûnderwiis ûntstien binne, nei't skoallen en ynstellingen meardere kearen de doarren slute moasten. Konkrete ideeën oer hoe't it ûnderwiis him tariede moat, hat de nije minister noch net. Dêroer wol er earst prate mei organisaasjes yn it ûnderwiisfjild.
19:44

Epke stipet petysje

In petysje om sport en bewegen oan te merken as 'essinsjele tsjinstferliening' is yntusken goed 320.000 kear tekene. De inisjatyfnimmers hoopje dêrmei te berikken dat de doarren fan sportlokaasjes wer iepen geane en iepen bliuwe.
De petysje is op 31 desimber op tou set, mar krijt benammen de lêste dagen in soad omtinken. Dat komt ûnder oare trochdat de KNVB de petysje dield hat.
En âld-topturner Epke Zonderland stipet it boadskip ek yn in filmke op Instagram. "Ek no't ik net mear op it heechste nivo aktyf bin, is sport noch hieltyd myn passy", seit er. "It feit dat jim noch hieltyd net binnen sporte kinne, fyn ik tige spitich. Ik hoopje datst noch wat yn beweging bliuwe kinst en datst noch gau mei dyn freonen de sporthal yn kinst. Hâld fol."
Epke Zonderland op Instagram © https://instagram.com/epkez
18:41

Buma "ûnder de yndruk"

17:53

Skoallen wiis mei iepening, wol noed oer omikronfariant

Skoallen binne oer it algemien wiis mei it iepengean fan it ûnderwiis nei de krystfakânsje. Der is noch wol noed oer de coronabesmettingen, benammen no't de omikronfariant om him hinne grypt.
De Algemene Vereniging Schoolleiders (AVS) lit witte dat skoallen "heel blij zijn dat de kinderen weer naar school kunnen", mar de feriening hat wol soargen oer de fentilaasje. Dy is yn guon skoalgebouwen noch hieltyd net goed op oarder. "Op die scholen zitten kinderen letterlijk in de kou, want daar moeten de ramen en deuren de hele tijd openstaan."
17:19

GGD's: elke dei mear testkapasiteit

De GGD's skale de testkapasiteit elke dei op fanwegen de tanimmende fraach troch de omikronfariant. Dat slagget de GGD's wol, om't der minder fraach is nei faksinaasjes, no't de âlderein grutdiels al in boosterprik krigen hat. Der geane dêrom ek minsken fan de priklokaasjes nei de testlokaasjes.
Ein jannewaris wolle de GGD's deis 200.000 testen ôfnimme kinne, der wurdt noch sjoen hoe't dat berikt wurde kin. Tsjin dy tiid wurdt in pyk yn it tal besmettingen mei de omikronfariant ferwachte, wêrtocht 't der mear ferlet fan testpersoniel wêze sil.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts