Bern moatte winterdeis mear bûten boartsje; opfang komt mei programma

Bern moatte winterdeis mear bûten boartsje. Ut ûndersyk docht bliken dat it goed is foar de motoryk, konsintraasje en sûnens.
© ANP
Ut ûndersyk docht bliken dat bern yn de simmer gemiddeld 17 oeren yn de wike bûten boartsje, wylst dat der yn de wintermoannen mar acht oeren wyks binne.
IVN Natuureducatie en berne-opfangorganisaasjes pleitsje derfoar om bern mear bûten boartsje te litten.
"Kinderen spelen nu zes keer minder buiten dan hun grootouders. Dat baart ons zorgen", seit Marjolein van der Gaag fan IVN Natuureducatie. "Als kind leg je de basis voor de rest van je leven, dus als je als kind niet veel buiten komt, zul je dat als volwassene ook niet doen."

Drompel ferleegje

Om dat mear te stimulearjen ha se in programma betocht foar bern oant 12 jier dy't yn de berne-opfang, neiskoalske opfang of by gastâlders sitte. "Zelfs als het regent, neem ze mee naar buiten en doe leuke activiteiten, zoals dansen in de regen of neem potten en pannen mee. Bij harde wind kun je gaan vliegeren."
It doel is om mei de ideeën de drompel te ferleegjen om mei de bern nei bûten te gean. "Het helpt als je weet wat je kunt doen, zoals een kunstwerk maken van modder. Wat is er nou leuker dan lekker vies worden?"
Hast 150 berne-opfanglokaasjes yn Fryslân dogge mei oan dizze lanlike kampanje.
Marjolein van der Gaag