'Hobbyloads' en appartemint ferlern gien by grutte brân yn Penjum

09 jan 2022 - 19:41

By in grutte brân op in agrarysk bedriuw yn Penjum binne sneintejûn in loads en in appartemint ferlern gien. Mooglik is by de brân asbest frijkommen.

By de brân komt in protte reek frij:

De brân wie oan de Klein Huisterweg, op in kompleks mei meardere loadsen. De brân is yn de middelste loads begûn. Under mear de brânwachtkorpsen fan Harns, Wytmarsum, Boalsert en De Jouwer wienen oproppen om de brân te bestriden. De brân wie útslaand en al fluch fleach ek in twadde loads yn de brân.

Asbest

Mooglik is der asbest by frijkommen. Undersyk moat útwize oft dat echt sa is. Ut foarsoarch folge de brânwacht it 'asbestprotokol'. Dit betsjut ûnder mear dat minsken fan de brânwacht net yn de reek stean mochten en dat se de klean nei de tiid goed waskje moatte.

Wurdfierder Jan-Willem Zwart fan de brânwacht oer de brân yn Penjum:

De strjitte waard ôfsletten. Yn in loads sit in caravanstalling. Om foar te kommen dat de brân oerslaan soe op in wenning waard in saneamd 'wettertransportsysteem' ynset. Dêrmei pompte de brânwacht wetter út in sleat rjochting de loadsen.

Foto: CAMJO Media

De wenning is behâlden bleaun, mar in grutte 'hobbyloads' en in appartemint kinne as ferlern beskôge wurde. Hoe't de brân ûntstien is, is noch net dúdlik.

Jan Willem Zwart fan de brânwacht

Trefwurden: 
brân Penjum
(Advertinsje)
(Advertinsje)