VC Snits sûnder Scharbaai sterker as FAST

09 jan 2022 - 17:24

VC Snits hat snein mei 1-3 wûn fan FAST út Gennep. It wie it earste duel sûnt it fuortgean fan coach Jeffrey Scharbaai. Assistint Henriëtte ter Steege hat de taken fan Scharbaai oernaam.

Foto: Orange Pictures

Yn de earste set gie de wedstriid aardich lykop. De Snitsers hienen meastentiids wol in lytse foarsprong. Oan de ein fan de set wie dat ek it gefal: 23-25.

Snits op tiid wekker

Yn de twadde set naam Snits al fluch in grutte foarsprong (3-10). De Limboargers fochten harren dêrnei wol werom yn de striid (16-16). Oan de ein fan de set kaam FAST sels efkes op foarsprong, mar Snits wie op tiid wekker. By 21-25 wie dúdlik dat ek de twadde set foar de Snitsers wie.

Set trije wie in oar ferhaal: FAST kaam al fluch mei 7-1 foar. Yn tsjinstelling ta Snits yn set 2, koe FAST dizze foarsprong wol fêsthâlde, al kamen de ploegen op de ein fan de set noch wol tichteby inoar: 25-23.

Gjin problemen yn set 4

VC Snits wie lykwols net fan slach troch it ferlies yn set 3. De Snitsers hienen yn de fjirde set hieltyd in komfortabele foarsprong. Mei 18-25 sleat Snits in deeglike set ôf. Einstân dizze wedstriid: 1-3.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)