Nije tsjinstregeling foar bussen fan Arriva giet yn

Ferfiersbedriuw Arriva wurket fan 9 jannewaris ôf mei in nije tsjinstregeling foar de bussen. It ritteskema is oanpast yn oerlis mei de provinsje, de opdrachtjouwer fan Arriva.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Der komme mear bussen te riden op haadferbiningen en guon rûtes wurde oars, sadat de reistiid foar in grut part fan de reizgers koarter wurdt.
Yn de nije tsjinstregeling ferfalle guon haltes yn doarpen en stedswiken. Dêr is nochal wat argewaasje oer. It ferdwinen fan de bushalte yn De Westereen rôp keamerfragen op.
Op de webside fan de ferfierder binne alle oanpassingen te finen.