Bysûndere ûntdekking: twa Fryske túnarsjitekten wurken oan park Olterterp

It Fryske Gea hat in bysûndere ûntdekking dien: oan it park by it eigen haadkantoar yn Olterterp hat neist túnarsjitekt Roodbaard ek túnarsjitekt Vlaskamp meiwurke.
It park yn Olterterp © Omrop Fryslân, Roelof Lousma
It park wurdt opknapt; minne beammen wurde fuorthelle en oan de hân fan âlde tekeningen wurdt de tún op 'e nij ynrjochte.
By it ûndersyk nei de skiednis kamen se derachter dat beide ferneamde Fryske túnarsjitekten oan it ûntwerp fan de tún wurken: Lucas Pieters Roodbaard (1782-1851) en Gerrit Vlaskamp (1834-1906).

Aadlike famylje Van Boelens

Huize Olterterp wie earder it plak dêr't it slot fan de aadlike famylje Van Boelens stie. It park bestiet út in gloaiende tún mei slingerpaadsjes, wetterpartijen en ferskillende soarten beammen. It is ein 18de iuw oanlein yn opdracht fan de famylje Van Boelens.
Lang wie net dúdlik wa't de tún oanlein hie. "Sûnt koart witte we dat Lucas Pieters Roodbaard en Gerrit Vlaskamp beide deroan wurke hawwe", fertelt Stefien Smeding. Se is kultuerhistoarysk lânskipsdeskundige by It Fryske Gea.
Stefien Smeding mei de pintekening © Omrop Fryslân, Roelof Lousma

Tekening en rekken as 'bewiis'

"Op in pintekening út 1839 is it âlde slot Boelens te sjen en in moaie lange slingerjende fiver. Histoarika Rita Radetzky hat ûndersyk dien nei Roodbaard-tunen en dy sei dat dit op meardere plakken foarkomt, sa't it op dizze tekening stiet. Benammen it patroan fan hichteferskillen, slingerjende paden, mar ek de ovale lytse perken en dat yn kombinaasje mei de beammen, kinst sjen as de hân fan Roodbaard."
Ut histoarysk ûndersyk kaam in rekken nei foaren fan in bestelling foar in beam en planten troch Gerrit Vlaskamp yn 1869. "Hy hie it besteld by kweker Bosgra yn Burgum dy't doe ien fan de foarname kwekers yn Fryslân wie."
It park is tagonklik foar publyk.
Roelof Lousma praat mei Stefien Smeding, kultuerhistoarysk lânskipsdeskundige by It Fryske Gea