Liveblog | 9 jannewaris 2022

Coronanijs 9 jannewaris: INretail wol winkels iepen ha

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn Fryslân binne sneon 635 nije besmettingen fêststeld, dat binne der hast tûzen minder as in dei earder;
  • Bern fan 5 oant en mei 11 jier kinne ein dizze moanne in prik krije;
  • Boalserter ûndernimmers wolle iepen en skriuwe brief oan boargemaster De Vries;
  • Winkeleigener yn Aldeberkeap iepenet har doarren mei crowdfundingsaksje.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 9 jannewaris 2022, 18:09
snein 9 jannewaris 2022
17:30

Boargemaster Fred Veenstra: "Undernimmers binne oan de ein fan har Latyn"

Fred Veenstra, Magda Berndsen en Anne-Goaitske Breteler yn It Nijsfoarum © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren fynt dat it tiid wurdt dat der in ein komt oan de hurde lockdown. Dat sei hy snein yn Buro de Vries. "Ik fernim foaral dat ûndernimmers oan de ein fan har Latyn binne. Minsken sitte mei de hannen yn it hier."
De boargemasters fan Veiligheidsregio Fryslân komme alle wiken byinoar. Foarsitter Sybrand Buma nimt it advys fan syn kollega's mei nei Den Haag. Yn it gefal fan Fred Veenstra is it advys oan it regear op it stuit wol dúdlik: de boel moat wer iepen. "Ik tink dat we op dat momint oankaam binne", sa seit Veenstra.
15:23

RIVM: 966 nije coronabesmettingen yn Fryslân

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 966 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne 331 mear as sneon. Doe waarden 635 besmettingen meld. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 760 besmettingen meld yn Fryslân.
Yn de ôfrûne 24 oeren binne yn Fryslân gjin stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der is ien Fries mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om in ynwenner fan Eaststellingwerf.
De testlokaasje fan de GGD oan de Elzenlaan yn Ljouwert © LEO Middelsé, Lennard Geerts
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 32.581. Dat is it ien nei heechste tal besmettingen oant no ta: freed waarden hast 35.000 besmettingen fêststeld, mar dat komt ek troch de steuring fan ôfrûne tongersdei by it RIVM.
Yn trochsneed gie it lanlike tal positive tests flink omheech. Yn de ôfrûne sân dagen lei it trochsneed op 25.390 positive tests de dei; dat is 76 persint mear as yn de dagen derfoar.
By it RIVM waarden yn de ôfrûne 24 oeren sân stjergefallen meld. De ôfrûne wike gie it yn trochsneed om 18 stjergefallen de dei; in wike earder lei dit trochsneed op 35.
14:26

Wer minder coronapasjinten yn Nederlânske sikehûzen

© Omrop Fryslân, Willem de Vries
De delgong fan it tal coronapasjinten yn de sikehûzen set troch. It tal minsken dat op it stuit mei Covid-19 yn it sikehûs leit, gie yn de ôfrûne 24 oeren mei 11 omleech: it binne der no 1470. Dat meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS).
Hjirfan wurde 397 minsken fersoarge op in intensive care. Sneon wiene dat noch 405 coronapasjinten.
Op de ferpleechôfdielingen lizze no 1037 coronapasjinten; 3 minder as sneon.
14:08

Winkelbrânsj freget nije kabinet om winkels wer te iepenjen

Winkelbrânsjferiening INretail freget it nije kabinet om sa'n 56.000 net-essinsjele winkels te iepenjen. Neffens INretail moat dat kinne mei foarsoarchsmaatregels, lykas in maksimum tal besikers. It moat ek kinne troch ôfstân te hâlden, mûlkapkes te brûken en mei de gebrûklike hygiënemaatregels.

Neffens INretail binne der soad oanwizingen dêr't út bliken docht dat "de handrem eraf kan". De organisaasje wiist nei boargemasters dy't opkomme foar lokale ûndernimmers. It kabinet soe ek in hiel soad brieven krije dêr't yn oproppen wurdt foar in weriepening. De winkelbrânsj fynt it boppedat pynlik dat Nederlanners de ôfrûne dagen nei België en Dútslân giene om te winkeljen.

INretail seit dat it net sit te wachtsjen op in belied fan lockdown nei lockdown: it coronafirus sil noch wol efkes ûnder ús wêze. Dêrom fynt INretail it wichtich dat minsken mei it firus gewoan trochlibje kinne, bygelyks mei de maatregel om yn winkels te skowen mei it tal besikers.
12:24

Kaag net op bordes fanwegen positive coronatest

Sigrid Kaag sil moandei digitaal as minister fan Finansjes beëdige wurde, om't se thús sit nei in positive coronatest. Dat skriuwt se op Twitter. Kaag sil ek net op it bordes ferskine foar it tradisjonele fotomomint.
De lieder fan D66 wurdt net allinne minister fan Finansjes, mar ek vice-premier. Dat betsjut dat se oars links fan de kening stean soe. Kaag folget de earste ministerried fan letter op de middei ek digitaal.
Se skriuwt dat se har goed fielt, nettsjinsteande de coronabesmetting. "Het is een iets andere start dan ik had gehoopt, maar ik ga vol energie aan de slag." Kaag siet al yn karantêne om't ien yn har "zeer nabije omgeving" posityf teste.
10:21

Boargemaster Tytsjerksteradiel baalt fan geheim feest op âldjiersnacht

Mei de jierwiksel kamen hûnderten jongerein byinoar op in geheime lokaasje yn Burgum. Boargemaster Jeroen Gebben fan Tytsjerksteradiel seit dat er baalt fan dit feest en dat hy yngrepen hie as hy derfan wist. "Dit kin gewoan net", lit Gebben witte yn it radioprogramma Op'e Hichte by RTV NOF.

De boargemaster seit it ek skande te finen dat dit jier gjin tintefeesten mei Ald en Nij plakhawwe koenen fanwegen de coronamaatregelen. Dat soe earst barre yn sporthal De Nije Westermar yn Burgum.

Op sosjale media krige Gebben in soad kompliminten foar it tastean fan it geheime feest yn Burgum, mar yn it radioprogramma ûnderstreket de boargemaster dat as hy witten hie fan it feest, hy it hielendal net trochgean litte soe.