Bergsma kritysk op reedrydbûn: "Se meie de massastart wol wat serieuzer nimme"

Jorrit Bergsma en Sven Kramer sille op de Olympyske Winterspelen oer in moanne yn Peking de massastart ride. Opfallend: Kramer en Bergsma hawwe dat ûnderdiel noch nea tegearre riden en se binne ek net de bêste freonen.
"Ferline jier hie ik it leafst mei in Stroetinga riden":
"Ferline jier hie it dúdlik west, hie ik it leafst mei in Stroetinga oan de start stien", seit Bergsma, "mar dit jier is der net echt in brede kar. Dan moatst kieze út de mannen dy't harren pleatse foar de Olympyske Spelen en de bûnscoach keas foar Sven."

Serieuzer

Bergsma hat it noch net mei Kramer hân oer hoe't se de massastart ride sille. "It is noch fier fuort, mar it hie moai west as je al earder tegearre ride koenen."
It beslút dat Bergsma mei Kramer de massastart docht, is pas koartlyn makke. Trainingstiid is der hast net mear. Bergsma is dêrom kritysk op de reedrydbûn. "De massastart mei wol wat serieuzer naam wurde."
Kramer: "Ik doch gewoan myn wurk":
Sven Kramer seit dat it foar him gjin probleem is om mei Bergsma te riden, ek al binne se net bepaald freonen: "Jim kollega's by Omrop Fryslân binne dochs ek net allegear de bêste maten? Ik doch ek gewoan myn wurk", seit Kramer.
Kramer tinkt dat se mei in goede taktyk de race yn sille. "We hawwe noch fiif wiken. Ik tink dat Bergsma en ik goede riders binne en tink dat it hielendal goed komt."