Antoinette de Jong en Femke Kok pakke goud op EK ôfstannen

Antoinette de Jong hat sneon in gouden medalje pakt op it EK ôfstannen op de 1.500 meter. Nei in fûle striid mei Ireen Wüst wie De Jong de fluchste. Earder op de dei wie der ek goud foar Femke Kok op de 500 meter.
© Orange Pictures
By de 1.500 meter by de froulju wienen der twa Fryske ritten. Ellia Smeding tsjin Marijke Groenewoud en Antoinette de Jong tsjin Ireen Wüst. Groenewoud wie nei har rit de nûmer ien mei 1.54,78. Smeding dy't foar Grut-Brittannië rydt, kaam ta 1.59,23.

Fryske winneres

De Italiaanske Francesca Lollobrigida wie yn de ien nei lêste rit krekt wat flugger as Groenewoud (1.54,51). It wie oan De Jong en Wüst om te soargjen dat der dochs noch in Fryske winneres kaam. Dat slagge. Antoinette de Jong kaam nei in fûle striid yn 1.53,81 oer de streek en Wüst waard twadde mei 1.54,08.
Smeding fan Harns, dy't útkomt foar Grut-Brittannië mocht de 500 meter iepenje. Se sette in tiid fan 39,17 del. Dêrmei die Smeding net mei foar de oerwinning.

Kok bliuwt Michelle de Jong foar

Yn rit 5 wie it oan Michelle de Jong. Nettsjinsteande in misstap sette se mei 37,85 de fluchste tiid fan dat momint del. Dy tiid bleaun lykwols net hiel lang stean, want de folgjende Friezinne, Femke Kok, wie mei 37,32 aardich flugger.
Michelle de Jong nei ôfrin fan har 500 meter:
De Russinne Angelina Golikova like ûnder de tiid fan Kok te dûken, mar by de finish kaam se dochs tekoart: 37,43. Daria Katsjanova en Andzjlika Wójcik kamen yn de lêste rit ek net oan de tiid fan Kok. Dêrmei is de Friezinne Europees kampioen op de 500 meter.
Michelle de Jong einige op plak fiif.
Femke Kok oer har gouden rit:
De 5.000 meter by de manlju wie spesjaal. It wie nammentlik de lêste ôfstân fan Sven Kramer yn Thialf. Hy begûn mei in dúdlike falske start, mar by syn twadde kâns gie it wol goed. Kramer finishste yn 6.18,11 en koe dêrnei wachtsje wat de oaren dêr tsjinoer setten.
Sven Kramer foar it lêst yn Thialf:
De Noar Hallgeir Engebraten en de Rus Sergej Trofimov dûkten al fluch ûnder de tiid fan Kramer. Doe wie it oan Jorrit Bergsma. Hy moast tsjin de Belch Bart Swings. Bergsma wie flugger as Swings, mar moast alles jaan om foar de tiid fan Engebraten út te kommen. Dat slagge úteinlik dochs: 6.13,47.
Bergsma wie dêrmei wis fan in medalje, mar hokker kleur soe it wurde? Yn de slotrit lei Patrick Roest foar op it skema fan de Fries en dat joech Roest net mear út hannen: 6.11,54. Dêrmei is it goud foar Roest en it sulver foar Bergsma.
Jorrit Bergsma pakt in sulveren medalje: