Krystbeammen útfanhúzje yn Bakkefean: "Se krije hjir in twadde kâns"

De feestdagen binne foarby, dus de krystbeam kin de doar út. Kinst de beam yn eigen tún plantsje foar in folgjende kear, mar de beam kin ek útfanhûs yn Bakkefean.
"We fersoargje de beam in hiel jier foar fiif euro":
Túnferiening de Twakamp stelt in stik lân beskikber foar krystbeammen dy't dêr oant de krystdagen útfanhúzje meie. Foar fiif euro wurdt op de beam past.
Der binne lykwols noch net safolle minsken dy't gebrûk meitsje fan it inisjatyf. "It binne no sa'n fjouwer, fiif minsken", sizze Gerard Hommema en Jouke Bouius fan de túnferiening. "We sette it inisjatyf elk jier op de webside fan Bakkefean en yn it krantsje de Slûswachter. We hoopje dat we sa mear minsken krije."
Kwa kosten hoege de minsken it net te litten, fine se. "We fersoargje de beam in hiel jier foar 5 euro. Dat is dochs eins gjin priis?"

Brûkersspoaren

De beammen krije yn alle gefallen in moai twadde libben. Dat kin sels foar de twadde kear.
Hommema wiist nei in beamke dat no foar de twadde kear útfanhûs is yn Bakkefean. "Nei twa jier sjochst wol wat brûkersspoaren oan de beam, se wurde wat minder. Mar dizze is foar de twadde kear brocht, en dy sjocht der goed út. It binne faak moaie Nordmann-sparren, dy binne dochs wol sterk."
Underwilens komt immen oanfytsen mei in krystbeam dy't yn Bakkefean útfanhúzje sil. "Sa ha ik him ek ophelle, dat gong bêst", seit de klant. "De beam is goed oerbleaun, dus we jouwe him in twadde kâns."
Yn Bakkefean wurde de krystbeammen fersoarge oant takom jier