Bakker yn Oentsjerk hellet hast trijetûzen euro op foar ALS
De aksje fan de bakker yn Oentsjerk foar de stichting ALS hat 2.777 euro opsmiten. Dat jild is binnenkaam mei de ferkeap fan oaljekoeken en donaasjes.
De bakker hat de sjek mei it bedrach sneon oerlange oan Griet Braaksma, de frou fan âld-bakker Jerke dy't de sykte ALS hat. Op elke pûde oaljekoeken gie ien euro nei it goeie doel.
Yn 2019 namen de hjoeddeistige eigeners de bakkerij fan Braaksma oer.