Eigen relaasje is ynspiraasje foar nij stik fan Jan Arendz en Marijke Geertsma

08 jan 2022 - 14:01

'Echt Wier' is it nije toanielstik fan Jan Arendz en Marijke Geertsma. It Fryske akteurspear is al goed 40 jier troud en har relaasje wie de ynspiraasje foar de foarstelling.

Jan Arendz en Marijke Geertsma - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Se learden elkoar kennen by toanielselskip Tryater. "Ik spile al by Tryater en Jan wie dwaande om hantekens te sammeljen foar it behâld fan it selskip. Yn dy tiid wie Tryater semyprofesjoneel en we woenen in profesjoneel selskip wurde", fertelt Marijke Geertsma.

Persoanlik stik

Se wurkje al jierren mei elkoar en thús binne se ek altyd by elkoar. Oer hoe't je de relaasje goed hâlde, giet it nije stik. Se fregen âld-LC-sjoernalist Bonne Stienstra, dêr't se earder mei wurken, om it te skriuwen.

"Hy kaam mei it idee om wat oer relaasjes te dwaan. It is in persoanlik stik, dêr't we input foar joegen. It is fleurich en sil foar in soad pearen werkenber wêze", seit Jan Arendz.

Beide akteurs binne ûnderwilens mei pensjoen. No binne se dus noch faker by elkoar. "Ek omdat we no tegearre spylje. By Tryater sieten we wolris yn itselde stik, mar hienen we net altyd sênes mei elkoar. No stean we wol mei ús beiden op it poadium", fertelt Geertsma.

In soad heikele punten binne werkenber. It is dus spul, mar der sitte ek echte eleminten yn.

Marijke Geertsma

Smyt dat wolris problemen op? "We ha yn de auto ûnderweis nei in foarstelling wolris flink spul hân", fertelt Arendz. "Mar dan stapten we út de auto en seinen: no ophâlde en nei it spyljen wer fierder." "En dan wienen we op de weromreis en wist Jan al net mear wêr't it oer gie", follet Geertsma oan. "Sa binne mannen."

Relaasjeterapy

Yn it stik giet it pear yn relaasjeterapy. "Se krije opdrachten fan de terapeut en dy fragen stelle we ek oan it publyk. Se hoege net mei te spyljen hear, mar sa kinne se by harsels neigean hoe't it by har sit. In soad heikele punten binne werkenber. It is dus spul, mar der sitte ek echte eleminten yn", fertelt Geertsma.

Se hoopje it publyk te belûken by har stik. "Der kin werkenning wêze, of krekt net. En dêr kinne se oer prate en laitsje om de ferskillen."

Guod op de trep

As foarbyld neamt Jan: "As der wat op de trep leit, dat nei boppen moat, stap ik deroerhinne. Ik sjoch it lizzen, mar nim it net mei." "Je moatte altyd hoop hâlde op ferbettering", laket syn frou. "Marijke wol ek altyd te fytsen en ik net. Ik moast earder al safolle fytse, dêr ha ik in trauma oan oerhâlden", reagearret Arendz.

Yn it stik einigje se mei de tango, de dûns fan de leafde. Wat is neffens har it geheim fan in goede relaasje? "Humor" sizze se beide.

Jan Arendz en Marijke Geertsma wienen te gast yn Op & Ut en spilen in sêne:

Jan Arendz en Marijke Geertsma spylje in sêne:

(Advertinsje)
(Advertinsje)