Liveblog | 8 jannewaris 2022

Coronanijs 8 jannewaris: Winkeleigener iepenet doarren mei crowdfundingsaksje

Yn dit liveblog melde we it lêste nijs oer it coronafirus:

  • Yn Fryslân binne sneon 635 nije besmettingen fêststeld, dat binne der hast tûzen minder as in dei earder;
  • Lanlik giet it om 28.003 nije coronabesmettingen;
  • Bern fan 5 oant en mei 11 jier kinne ein dizze moanne in prik krije.

Dit liveblog is ook in het Nederlands te volgen.

Lêst bywurke: 8 jannewaris 2022, 22:44
22:43

Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog. Moarn binne we der wer!
19:39

Corona kin seldsume ûntstekkingsreaksje feroarsaakje by jonge bern

Oer oardel wike krije mear as in miljoen famyljes in brief mei de útnûging om harren bern fan 5 oant 11 jier faksinearje te litten tsjin it coronafirus. De Gezondheidsraad en dokters stelle dat it faksin feilich is foar bern. Tagelikertiid is der in oanname dat corona foar jonge bern net mear is as in ferkâldheid.
Yn de measte gefallen is dat sa, mar oars as in 'gewoane' ferkâldheid hat corona in oar, tige seldsum risiko. Nammentlik in ûntstekkingsreaksje, dêr't it ôfwarsysteem fan it bern oerdreaun by reagearret op it firus en organen as it hert, nieren, longen en it brein oanfalt.
De oandwaning hjit MIS-C (Multisystem Inflammatory Syndrome Children). Nei skatting hawwe ûngefear 200 bern yn Nederlân MIS-C hân. De helte ûngefear kaam op de IC terjochte, gjin fan de bern is der oan ferstoarn. Sa'n 1 op de 5.000 bern mei in coronaynfeksje hat te krijen mei dizze ûntstekkingsreaksje.
16:21

Boalserter ûndernimmers wolle iepen en skriuwe brief oan boargemaster De Vries

Boalserter ûndernimmers wolle wer iepen. Dat skriuwe se yn in brief oan Jannewietske de Vries, de boargemaster fan Súdwest-Fryslân.
"Dan kunnen diverse ondernemingen in de gemeente nog net, maar dan ook echt nog maar nét, behouden worden, voordat ze omvallen", sa skriuwt foarsitter Niels Engelmoer fan Vereniging Ondernemend Bolsward.
De feriening is fan miening dat de weriepening der ek foar soargje sil dat ynwenners yn Súdwest-Fryslân har tiid en jild 'veillig en gereguleerd kunnen besteden' yn Súdwest-Fryslân.
16:03

Minder coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen

© Omrop Fryslân, Jitze de Vries
Der is noch hieltyd in delgong fan it tal coronapasjinten yn de Nederlânske sikehûzen. Der lizze no 1481 coronapasjinten yn de sikehûzen, meldt it Landelijk Coördinatiecentrum Patiënten Spreiding (LCPS). Dat binne der 35 minder as freed.
Op de ic's lizze op it stuit 405 coronapasjinten. Freed wiene dat 409. Der lizze njoggen Nederlânske coronapasjinten op in ic yn it bûtenlân.
Op de ferpleechôfdielingen yn Nederlân lizze 1076 coronapasjinten, in dei eardere gie it om 1107 minsken.
15:54

Hast tûzen minder nije coronabesmettingen yn Fryslân: 635

Yn Fryslân binne yn de ôfrûne 24 oeren 635 nije coronabesmettingen registrearre by it RIVM. Dat binne 959 minder as freed, mar doe wie it oantal sa heech troch in eardere steuring. Yn trochsneed binne yn de ôfrûne wike alle dagen 679 besmettingen meld yn Fryslân
Der binne yn Fryslân gjin nije stjergefallen fêststeld as gefolch fan it coronafirus. Der binne twa Friezen mei it coronafirus opnommen yn it sikehûs. It giet om ynwenners fan Ljouwert en Súdwest-Fryslân.
Lanlik leit it tal nije coronabesmettingen op 28.003. It gemiddelde fan de ôfrûne sân dagen wie 23.245 coronabesmettingen de dei. Dat is opnij in rekôr.
14:40

Winkeleigener yn Aldeberkeap iepenet har doarren mei crowdfundingsaksje

Winkeleigener yn Aldeberkeap krijt in soad stipe foar it iepenjen fan har doarren
Nettsjinsteande de lockdown iepenet winkeleigener Anneke Jager yn Aldeberkeap de doarren fan har winkel Solstice. Se hat dêrfoar spesjaal in crowdfundingsaksje opset. Foar de winkel steane in soad minsken út protest tsjin it coronabelied.
De winkeleigener iepene earder al ris har doarren en krige doe in twangsom fan de gemeente fan 5.000 euro. Dy twangsom soe ferhege wurde nei 15.000 euro as se nochris iepen gean soe. Dêrfoar hat se no dizze crowdfundingsasksje op tou set, dêr't al 10.650 euro foar ophelle is.