Flat ûntromme by brân yn Ljouwert; ien persoan ferwûne

Yn in flatgebou yn Ljouwert hat yn de nacht fan freed op sneon brân west oan de Johan Wagenaarstrjitte. Dêrby is ien persoan ferwûne rekke en nei it sikehûs brocht.
© CAMJO Media
It fjoer ûntstie om goed fjouwer oere yn in kelderboks. Der wie grutte panyk ûnder de bewenners, om't de hal fol reek stie en se dêrtroch net fuortkomme koenen.
De brânwacht hat seis minsken fan it balkon rêden en de hiele flat ûntromme. Bewenners fan seis wenningen koenen, doe't de brân út wie, net werom it hûs yn. Se wurde opfongen yn it WTC-hotel. Ek meardere húsdieren binne út de flat helle, se wurde opfongen troch de Dierenambulance.
De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan de brân en hat fan de lokaasje in 'plaats delict' makke. It is net dúdlik oft de brân mei opsetsin oanstutsen is, seit Jan Willem Zwart fan de brânwacht. "De plysje docht ûndersyk en hâldt alle mooglikheid iepen."