Soad fragen yn Ychtenbrêge oer ûnrêstige jierwiksel; plan foar ferbettering

De jierwiksel yn Ychtenbrêge moat wer 'in gesellich feest' wurde, sûnder de ûngeregeldheden fan ôfrûne wike. Pleatslik belang, de plysje en de gemeente meitsje in plan om dêrfoar te soargjen.
Plysje yn Ychtenbrêge mei de jierwiksel © CAMJO media
Ofrûne jierwiksel rûn it út de hân. De ME waard oproppen om de brânwacht by te stean yn it doarp. Yn it doarp libje in soad fragen oer wat der allegear bard is en hoe't it safier komme koe.
Fertsjintwurdigers fan de plysje, de gemeente De Fryske Marren en pleatslik belang ha mei elkoar om tafel west om de âldjiersnacht te bepraten. De wichtichste konklúzje is dat it oars moat.

Jeugd belûke by plannen

Takom jier moat der in feest komme foar alle ynwenners, is it plan. Om dat foarelkoar te krijen, wurdt ek de jongerein fan Ychtenbrêge belutsen by de tarieding.
Ynkoarten sille de ferskate partijen wer om tafel. Dan wurdt ek in tal ynwenners fan Ychtenbrêge útnûge.